Op 6 septimber wurdt Durk van der Ploeg 90 jier. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen.
Hy debutearre yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk, yn it blêd Ontmoeting. Syn earste Fryske fersen stiene in jier letter yn De Tsjerne. Hy debutearre yn boekfoarm yn 1959 mei de bondel Lok op eachlingte. Nei 1979 lei Van der Ploeg him mear ta op it skriuwen fan romans en ferhalen. Syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy’t it libben amper of net oankinne.
De roman Foarby it Boarkumer fjoer út 2002 is syn bêst ferkochte boek, mei yn totaal sa’n 5000 eksimplaren. Anno 2020 is er noch altyd warber, sa ferskynt der dit jier nij wurk fan him. Dêrneist wurde syn boeken noch hieltyd lêzen. Studinten Frysk fan de NHL Stenden Hegeskoalle liezen De Belvedêre (2012) en makken in kuiertocht troch de bosk fan Ypeij by Swarteweisein om de lokaasje dêr’t de roman him foar in grut part ôfspilet neier kennen te learen.
Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit by Utljochte op Sirkwy skriuwe de studinten wat har oansprekt yn Van der Ploeg syn romans. Dêrneist wurde guon passaazjes út De Belvedêre foarlêzen en wurde oare aspekten fan de skriuwer beljochte, bygelyks syn wurk as foarmjouwer en syn ideeën dêroer.
Foto: skilderij dat Pieter Pander fan Durk van der Ploeg makke hat nei’t de skriuwer yn 2011 de Gysbert Japicxpriis krigen hie. It portret hinget yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar.
Mear witte
Lês de 10voor8 op de Facebook fan Tresoar.
Lês de biografy fan Durk van der Ploeg op Sirkwy.