Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: fragminten út de roman De Belvedêre (2012) ferwurke yn in filmke troch studinten fan NHL Stenden.
Snein 28 juny 2020 organisearren studinten fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle yn harren entûsjasme mei harren dosint Babs Gezelle Meerburg in kuiertocht troch de bosk fan Ypeij by Swarteweisein om de lokaasje dêr’t de roman De Belvedêre him foar in grut part ôfspilet neier kennen te learen. Doe’t de roman yn 2012 útkaam is op dat stee ek al ris in literêre middei hâlden, doe mei de skriuwer sels as ferteller. No geane wy mei ús allen de plakken by del dy’t in wichtige rol yn it boek hawwe. Wy rinne ta op de Belvedêre. Dy útsjochtoer lykwols is in totaal oarenien as de eardere. Yn alle gefallen is dizze nije folle minder heech as dy út de tiid dêr’t it boek yn spile, doe’t Age Looxma Ypeij (1833-1892), de histoaryske haadfiguer út it boek, dêr as ryk man it eachweid hie oer al syn lân. Wy sjogge de kassen dy’t der yn Age syn tiid ek wiene en de ferneamde lange tsjustere grot, dêr’t mannichien as bern mei in soad spanning yn it liif trochhinne rûn is. Lang om let komme wy yn Vijversburg sels, de filla dêr’t it grutste part fan Age syn libben mei syn mem Baudina en har selskipsdame Helena Mallinckrodt him ôfspile. Wy meie sels yn de keamer dêr’t Age út it portret wei dêr’t er, skildere troch Pieter Willem Sebes, op ús delsjocht.
By hast alles dat wy sjogge, binne wol passaazjes yn it boek te finen. Guon fan dy passaazjes wurde troch de studinten foarlêzen. Hjirûnder is it filmke te besjen en de fragminten te beharkjen:
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.