Mannich leafhawwer sil it mei my iens wêze dat it ûntdekken fan it wurk fan in keunstner in alderaardichst gelokmomintsje is. As it giet om in skilder, byldhouwer, sjonger of in skriuwer, witte dat it grutte wurk dat sy makke hawwe dy noch ûnbekend is en datst dat wurk noch ta dy nimme meist, iepenet de poarten nei dyn eigen ik. Durk van de Ploeg is sa’n keunstner foar my.
As in leger dat in midsiuwske stêd ynnimme wol, leit de wrâldbibleteek om my hinne. Losse boeken wurde op my ôffjoerd, it iene hellet krekt net de grêft, it oare slacht in dûk yn de ophelbrêge en wer ien is krekt de kaai fan de ferskûle poarte dy’t tagong jout ta it kastiel.
Dy kaai wie De Belvedêre. In keuntswurk dat, lichtwol wiene it bysaken yn it boek mar foar my net, my ta neitinken set hat en wat dat oanbelanget yn de top trije stiet fan myn list fan wurken dy’t my feroare hawwe. Mar faaks dat it net de bysaken wiene, mar de haadpersoan, of haadpersoanen moat ik eins sizze, yn Van der Ploeg syn wurken. Minsken dy’t yn de eigen holle wenje en prakkesearje. Minsken dêr’t ik my diels of somtiden folslein mei identifisearje kin, en dat komt net faak foar, mar is wol hast in betsjoenende ûnderfining.
Van der Ploeg syn styl is byldzjend en metafoarysk. Hy lit de rykdom fan de Fryske taal op in grutte wize sjen, boartet dermei. Hy skriuwt yn in taal dy’t út in oar Fryslân liket te kommen.
Wat is it dan o sa noflik om te witten dat dan noch in hiel soad keunstwurken op my lizze te wachtsjen, dy betsjoenende wurking wer te ûnderfinen. Kin Van der Ploeg it resept fan syn toverdrank net mei my diele, sadat ik alle kearen dat ik in wurk lês fan in oar, dat wurk bedrippe kin mei dy floeistof?
Skreaun troch Hessel Yntema, studint oan de NHL Stenden Hegeskoalle. De studinten hawwe in filmke makke oer De Belvedêre en drage ek fragminten foar. Sjoch yn it dossier oer Durk van der Ploeg.
Oer it dossier:
Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte.