Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed de lêste bydrage: in digitalisearre ferzje fan in skripsje oer Van der Ploeg.
Foar syn ôfstudearjen oan de Ryksuniversiteit Grins hat Thys van der Veen in skripsje skreaun oer de literêre wrâld fan Durk van der Ploeg: De yllúzje fersteurd. De skripsje is digitalisearre by Tresoar. Spesjaal yn dit dossier binne as yntro de earste siden online te lêzen: