De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 1: wa wie Gysbert Japicx?
Lês oer in wike mear oer de Gysbert Japixcpriis. 

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer. De namme ferwiist nei de santjinde-iuwske Fryske Renêssânsedichter Gysbert Japicx (1603-1666), berne en stoarn yn Boalsert.

Ferneamde heit
Oer syn jonge jierren is net folle bekend, wol oer syn heit Jacob Gysberts. Hy wie kistmakker en hâlde him as kollekteur dwaande mei it ynfoarderjen fan belestingen. Bekend is er om syn ûntwerp stedhûs dat tusken 1614 en 1616 boud waard. Hy wie net inkeld de ûntwerper, mar ek de útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Aktyf wie er ek yn de polityk en tsjerke fan Boalsert; hy waard yn 1640 foar twa jier boargemaster fan Boalsert.

Skoalmaster
Mei syn frou Ancke Willems krige er fiif bern, dêr’t Gysbert nei alle gedachten de âldste fan wie. De jonge Gysbert gie nei de legere skoalle nei de Latynske skoalle en learde dêr as skoalmaster. Yn 1625 waard er beneamd as master yn Wytmarsum, dêr’t er tsien jier bleau. Dêrnei wurke er nei alle gedachten koart yn Bitgum en fan 1637 oant syn dea wie er stedsskoalmaster yn Boalsert.

Pest
Hy wie troud mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Rolwagen. It is net krekt bekend, mar se krigen op syn minst fiif bern dy't oan de pest stoaren. Yn 1666 waard de famylje nochris troffen troch de pest. Gysbert, syn frou en âldste soan rekken wei. Gysbert waard mei syn  frou begroeven yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Literatuer
Gysbert Japix hie al jong niget oan literatuer. Syn earste Fryske wurk is datearre op 1639, mar it is oannimlik dat er foar dy tiid al yn it Nederlânsk en mooglik ek yn it Latyn dichte hat. Yn de tiid dat Gysbert libbe wie meartalichheid gewoan: neist Frysk, Nederlânsk en Stedfrysk waard Latyn brûkt (op de universiteiten) en Frânsk (op it stedhâlderlik hôf).

Kontakten
De yn Parys berne Claude Fonteyne wie de belangrykste útjouwer yn Fryslân fan syn tiid. Hy joech yn 1640 de Friessche Tjerne fan Gysbert út. Simon Abbes Gabbema wie skiedskriuwer fan Fryslân en hie nau kontakt mei Gysbert. Se wikselen wurk út en Gysbert waard ynspirearre troch Gabbema. Troch dizze kontakten kaam Gysbert by gelearde gelegenheidsdichters, dy't yn ferskate talen wurken. Hy sette gedichten út oer yn it Frysk en waard stimulearre om mear gelegenheidsfersen te skriuwen. De literatuer fan dy tiid bestie benammen út gelegenheidsliteratuer: ferhalen en gedichten dy’t skreaun waarden nei oanlieding fan grutte foarfallen, lykas de berte en de dea fan ien. Gysbert dichte oer de berte fan de bern fan Willem Frederik van Nassau.

Frysk as literêre taal
Gysbert ferstie de keunst om op in besteand motyf of gedicht in meinimmende fariant te meitsjen. Fierwei it grutste part fan it wurk bestiet út oersettingen (fan proazateksten), berimingen (fan psalmen) en bewurkingen, teksten fan bygelyks Vondel en Huygens. Yn syn dichterskip waard it Frysk ta in ferheven en gelearde taal. Dat foel op by minsken yn bûten- en binnenlân. Franciscus Junius, taalgelearde fan Dútske komôf, kaam yn 1646 nei Boalsert om fan Gysbert Frysk te learen. Foar it útbouwen fan it Frysk as literêre taal kin Gysbert syn fertsjinste net te heech wurdearre wurde. De taal waard in folslein ynstrumint foar utering op it heechste artistike nivo. As literêr keunstner kin Gysbert Japix stean neist Nederlânske tiidgenoaten as Camphuysen en Revius; as pionier en taalskepper is syn betsjutting like grut foar de Fryske literatuer as dy fan Hooft, Huygens, Vondel en Bredero foar de Nederlânske.

Midfrysk
Gysbert makket diel út fan de Midfryske literatuer (1550-1800). Yn dy perioade waard net folle yn it Frysk skreaun, it bleau by toanielstikken en almanakstikjes. Stadichoan soe yn dy perioade it Frysk mear in skriuwtaal wurde, earst benammen as fermaak. Yn syn tiid stie Gysbert yn de Frysktalige literatuer sawol kwalitatyf as kwantitatyf op iensume hichte. 

Undersyk
Oer ferskillende aspekten fan libben en wurk fan Gysbert Japix binne fiif dissertaasjes skreaun, wêrûnder dy fan Douwe Kalma yn 1938, de earste Frysktalige dissertaasje oait.

Japicx, Japiks of Japix? 
Yn de rin fan de tiid binne trije skriuwwizen ûntstien foar de achternamme. ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn syn brieven. ‘Japiks’ is de ferfrysking en ‘Japix’ stiet op it titelblêd fan de FriescheRymlerye (yn 1668 útjûn mei it sammele wurk). Foar de namme fan de Gysbert Japicxpriis hâldt de Provinsje Fryslân de skriuwwize oan.

Besjoch in telefyzjeprogramma oer Gysbert Japicx by Weromrop fan Omrop Fryslân.