De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 2: Wat is de Gysbert Japixcpriis?
Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie. 
Lês oer in wike mear oer de winners. 

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). De priis is yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer. Deputearre Steaten fan Fryslân kenne de priis ta op basis fan in advys fan de advyskommisje, ynstallearre troch DS op foardracht fan Tresoar (earder de Fryske Akademy)

Prizejild
It prizejild yn 1947 wie 500 gûne. Yn 1953 waard it prizebedrach ferhege ta 750 gûne en yn 1963 nei 1500 gûne. Yn 1975 waard it 2.000 gûne en yn 1986 4.000 gûne. Yn 2001 waard it 10.000 gûne, troch de euro waard it yn 2003 5.000 euro. Sûnt 2011 kaam der in earmerke subsydzje by fan 5.000 euro foar it oersetten fan wurk fan de priiswinner. Sûnt 2013 krijt de winner 10.000 euro.

Earste winner
De earste Gysbert Japicxpriis gie nei Obe Postma (1868-1963) foar de bondel It sil bistean.

Frekwinsje
De frekwinsje fan takennen feroare yn de rin fan de tiid in pear kear. Tsjintwurdich wurdt de priis om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Dit jier is de priis foar poëzy.

Shortlist
Soms wurke de sjuery mei in shortlist en nominaasjes.

Utrikking
De priisútrikking is yn Boalsert (berte- en stjerplak fan Gysbert Japicx). Earder wie de byienkomst yn de riedseal fan it histoaryske stedhûs, doe in tal jierren yn de Boalserter Martinitsjerke, mar mei de ferbouwing fan it eardere stedhûs nei kultuerhistoarysk sintrum De Tiid is de útrikking dêr. Lêsten is De Tiid troch kening Willem-Alexander iepene.

Portretten
It is tradysje om in portret meitsje te litten fan de Gysbertwinners. Dy hingje yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar.