De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. 

Diel 3: De winners

Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie. 
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is. 
Lês oer in wike mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis.

De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Yn 1974 waard de priis foar it earst útrikt. Obe Postma (1868-1963) krige de priis foar de bondel It sil bistean. 

Frekwinsje
De priis waard oant 1953 elk jier útrikt, doe folge in twajierlikse perioade (oant 1983), dêrnei waard it sels in trijejierlikse priis, mar fan 2001 is it ritme wer om it jier.

Gjin útrikking
Fan al dy 37 priisútrikkingen is de priis ien kear net útrikt. Dêroer nije wike mear.

Froulike winners
Fjouwer kear (mar) gie de priis nei in frou. Yn 2019 wie Aggie van der Meer (1927) de lokkige, de priis waard takend foar har hiele oeuvre.
Se folge Tiny Mulder (1921-2010) op dy't yn 1986 fereare waard foar har hiele oeuvre, mar benammen foar de dichtbondel Oh in stêd, ah in lân.
Dêrfoar krige yn 1979 Lipkje Post-Beuckens (pseudonym fan Ypk fan der Fear) (1908-1983) de erkenning foar har histoaryske romans. De earste kear dat in frou de Gysbert krige, wie yn 1953: H.A. van Dorssen (pseudonym fan Rixt) (1887-1979) krige de eare foar de bondel De gouden rider.

Besjoch in programma oer Obe Postma (by Weromrop fan Omrop Fryslân)

Besjoch in programma oer Tiny Mulder (by Weromrop fan Omrop Fryslân)