De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels.
Diel 4: Nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis
Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners.
Lês nije wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.
De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). De priis is 37 kear útrikt, is der ek wolris wat nuvers foarfallen?
Ja, ien kear is de priis net útrikt en twa auteurs binne sels twa kear bekroand mei de heechste literêre ûnderskieding. En hoe sit it mei oeuvreprizen?
Twa kear
Trinus Riemersma (1938-2011) krige yn 1967 de priis foar syn debútroman Fabryk. Yn 1995 waard er nochris bekroand, foar syn roman De Reade Bwarre.
It ferskinen fan Fabryk joech opskuor yn de Frysk literêre wrâld en rôp tsjinstelde reaksjes op. Oan de iene kant achten resinsinten de literêre wearde fan it boek en it talint fan de skriuwer heech, oan de oare kant fûnen besprekkers dat it troch de frijmoedige seksuele beskriuwing it de ferkearde kant opgie mei de Fryske literatuer.
De Reade Bwarre is in fiifhûndert siden tellende roman mei ferskate ferhaallinen: de Módderklauers, in gerniershúshâlding yn Ferwert, Tilly, in Frysk skriuwer dy’t yn de lette maitiid fan 1938 yn Ferwert berne is (alter-ego fan Riemersma sels) en de Bwarristen, in religieuze streaming dy’t yn de twadde helte fan de 15de iuw fundearre is troch de reade boarre Boldgrim (in parody op it kristendom). Tusken dy trije linen troch spylje anekdoates, ferhalen, parodyen en polemiken oer de Fryske literatuer, taalkunde en skiednis fan de Fryske beweging in rol. Hy skreau it boek yn syn eigen stavering dy't him de mooglikheid joech fan taalgrapkes en dialektferskaat.
Ek Anne Wadman (1919-1997) mocht twa kear de priis yn ûntfangst nimme yn Boalsert. Yn 1952 foar Kritysk konfoai en yn 1989 foar syn Fryske romans, benammen In bolle yn 'e reak en De frou yn 'e flesse.
De erkenning fan de twadde Gysbert Japicxpriis naam net syn twivel oan de betsjutting fan syn fiksjoneel proazawurk wei, in twivel dy’t er net hie by syn wittenskiplik wurk en syn kritiken.
Oeuvreprizen
Neist boeken of bondels mei in sjuery ek in oeuvrepriis takenne. Dat wie earst neffens de regels net mooglik, mar letter waarden de bepalingen oanpast. Yn 1961 krige dichter Marten Sikkema (1918-2005) (pseudonym fan Govert Gezelle Meerburg) dy eare. Der wie opskuor oer om't ien fan de trije sjueryleden (Marten Brouwer) it net iens wie mei de beslissing fan de beide oaren en him dêrom weromluts.
Oare oeuvreprizen wiene: yn 2019 foar it wurk fan Aggie van der Meer (1927). Yn 2011 krige Durk van der Ploeg (1930) de priis foar al syn proaza, mei spesjale fermelding fan de roman Foarby it Boarkumer fjoer. Josse de Haan (1941-2020) waard yn 2007 eare foar it fernijende yn syn folslein oeuvre.Yn 1986 krige Tiny Mulder (1921-2010) de priis foar har hiele oeuvre, benammen foar de dichtbondel Oh in stêd, ah in lân. Rink van der Velde (1932-2001) krige yn 1975 de priis foar syn hiele oeuvre.
Net takend
Yn 1969 waard de priis net takend. De foardracht fan de yn 1968 troch Meindert Bijlsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag (nei in idee fan F.S. Sixma van Heemstra) oprjochte dichterstelefoan Operaesje Fers waard troch Deputearre Steaten net oernommen. It reglemint skreau in takenning foar oan in auteur. Der kaam in offisjeuze útrikking troch de redaksje fan literêr blêd Trotwaer oan de stichting Operaesje Fers.
Besjoch in telefyzjeprogramma oer Trinus Riemersma (by Weromrop fan Omrop Fryslân)
Besjoch in telefyzjeprogramma oer Anne Wadman (by Weromrop fan Omrop Fryslân)
Besjoch in telefyzjeprogramma oer Rink van der Velde (by Weromrop fan Omrop Fryslân)