De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis sjogge we yn dit dossier nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels.
Diel 6: Gysbertwinner Jacobus Q. Smink (2013).
Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners.
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis.
Lês yn diel 5 mear oer de Gysbertwinner fan 2011, Durk van der Ploeg.
Lês dizze wike alle dagen mear oer de lêste fiif winners.
De Gysbert Japicxpriis is de grutste priis fan de Fryske literatuer en is neamd nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). Wa wienen de lêste fiif winners, we telle ôf.
De winner fan 2013 wie Jacobus Q. Smink (1954) foar syn dichtbondel Sondelfal.
Ut it rapport fan de advyskommisje:
Troch syn tematyk past Smink yn in lange tradysje, dy’t je de tradysje neame kinne soene fan it dûbele ferlies. Yn syn poëzy siket er tagong net allinnich ta de paradyslike wrâld fan syn jeugd – in universeel tema –, mar tagelyk ek ta de wrâld fan it ferdwûne plattelân en boerelibben – in tema dat earder oan de Fryske poëzy eigen is. It is de poëzy fan de boeresoan dy’t fan de pleats ôf is. Dat tema hat de bondel Sondelfal mien mei bygelyks it oeuvre fan Obe Postma. De tematyk mei eigen wêze oan de Fryske literatuer, mar hoe’t Smink dat dan hat, dat iepenjen fan dy ferlerne wrâld, dat is in wûnder fan orizjinaliteit en dichterskip. Yn Sondelfal slagget er deryn om de lêzer hielendal op de doele te bringen mei nijfoarmingen, ellipsen, wylde assosjaasjes, tsjustere metafoaren en tagelyk liedt er de lêzer ek wer streekrjocht nei Sondel. Tagelyk ek tsjoent er de lêzer dat Sondel sa helder foar eagen dat er der hielendal nostalgysk wee mei fan wurdt. Om yn deselde tel te sjen hoe’t yn in wiere Sondelfal dy herinneringen as fjoerwurk wer útinoar spatte.
Skriuwerij
As Jacob Smink debutearre er yn 1972 yn it literêre tydskrift Hjir mei in koart ferhaal en in fers. Hjir wie doe krekt oprjochte troch Piter Boersma en Bonne Stienstra as poadium foar jonge begjinnende skriuwers en as tsjinhinger fan de al besteande literêre blêden. Smink hat yn ferskate perioaden ek lid fan de redaksje wet. Yn 2009 gie Hjir mei Farsk op yn Ensafh. Syn earste bondel Apàrte fersen kaam yn 1983 út. Yn 2019 ferskynde syn alfde bondel.
Jacobus Smink hat in ek in tal boeken út de wrâldliteratuer oerset yn in Frysk, wêrûnder It Achterhûs en De lytse prins.