De Gysbert Japixcpriis 2021 is takend oan Eeltsje Hettinga. Yn oanrin nei de útrikking op dizze 6 novimber fan de belangrykste Fryske literêre priis ha we yn dit dossier sjoen nei ferskate aspekten fan de priis en de priiswinners fansels. Yn dit slot de winner fan dit jier.
Diel 10: Gysbertwinner Eeltsje Hettinga (2021).
Lês yn diel 1 mear oer wa't Gysbert Japicx wie.
Lês yn diel 2 mear oer wat de Gysbert Japixcpriis is.
Lês yn diel 3 mear oer de Gysbert Japixcpriis en froulike winners.
Lês yn diel 4 mear oer nuveraardichheden by de Gysbert Japicxpriis.
Lês yn diel 5 mear oer de Gysbertwinner fan 2011, Durk van der Ploeg.
Lês yn diel 6 mear oer de Gysbertwinner fan 2013, Jacobus Q. Smink.
Lês yn diel 7 mear oer de Gysbertwinner fan 2015, Koos Tiemersma.
Lês yn diel 8 mear oer de Gysbertwinner fan 2017, Eppie Dam.
Lês yn diel 9 mear oer de Gysbertwinner fan 2019, Aggie van der Meer.
De Gysbert Japicxpriis is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er makke as ‘Dichter fan Fryslân’.
‘Yn ‘Dichter fan Fryslân’ wurdt poëzy op in geweldige wize mei polityk en mei de dwylsin fan de dei ferbûn. It wurk hat in rykdom oan sitaten, altyd te plak, út literatuer, skiednis en (pop)muzyk. Boppedat is de behearsking en kennis fan de taal en it ûnderwerp fan skriuwen fabeleftich. Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels’, skriuwt de advyskommisje yn it rapport. De advyskommisje bestiet dit jier út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde.
Gewoanwei wurdt de Gysbert Japicxpriis takend oan in bondel/roman of oeuvre, mar de advyskommisje fan dit jier is fan miening dat de publikaasjes yn de Fryske media, in spesjale útjefte (as bylage by beide Fryske kranten) en op de webside fan ‘Dichter fan Fryslân’ foldwaande binne om de ienheid fan it wurk dúdlik te meitsjen.
Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) wurke jierrenlang as selsstannich sjoernalist. Yn 1998 debutearre er mei Akten fan Winter, dat bekroand waard mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.
Neist de publikaasje fan fiif poëzybondels is er ek op oare mêden literêr aktyf. Hy hat wurk oerset fan Tomas Tranströmer, Ingeborg Bachmann, Georges Bataille en J.J. Slauerhoff, skreau monografyen oer de keunstners Abe Gerlsma en Gerben Rypma en skriuwt essays. Dêrneist wie er ûnder oare inisjator fan it Frysk literêr tydskrift Kistwurk op ynternet (200-2003), it literêre ynternettydskrift Go-gol en fan Stichting Cepher dy’t as doel hat om de (Fryske) letterkunde te befoarderjen. Hy wurket geregeld gear mei byldzjend keunstners en skriuwt al jierren op syn eigen bloch.
Dichter fan Fryslân
Eeltsje Hettinga waard as earste ‘Dichter fan Fryslân’ beneamd. Dat dichterskip hat as doel in poëtysk ambassadeur te wêzen, op moderne en útnûgjende wize soarch te dragen foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân en aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzy. Yn dy perioade (2017-2019) skreau er hast tritich gedichten by de aktualiteit.
‘Hy slagget der no ek noch yn om de aktualiteit te ferbinen mei poëzy. Hy makket fan it nijs in fers en fan in fers it nijs of in stik skiednis. Foar alle protesten, nijsberjochten, klachten, mar ek oades en memoria fynt Hettinga in nije foarm. En dy foarm jout de ynhâld fan it gedicht altyd ekstra krêft en lading mei. Mar de djipste dichter komt foar it ljocht by gedichten oer de winter. Neat kin it gefoel fan de winter beskriuwe op in wize dy’t jo as lêzer mear meinimt as dit gedicht. Dat alles makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat’, skriuwt de advyskommisje yn it rapport.