Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2022 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

Lês mear...

Elts jier wurdt troch de Afûk in kursus Skiednis & Literatuer organisearre. Dêrby wurde Fryske boeken lêzen en bepraat, mar de Fryske skiednis wurdt ek behannele troch in tal nijsgjirrige (gast)sprekkers. Yn totaal bestiet de kursus út seis lessen. Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by de Afûk.