Update 6 oktober: dizze kursus is stilset y.f.m. koroana.

Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen.

De kursus sil jûn wurde troch Koos Tiemersma. Hy begûn mei it skriuwen fan lietteksten doe’t er fyftjin wie. Nei 2000 skeakele er oer op proaza. Yn 2002 debutearre er mei De ljedder, wêrnei’t noch in stikmannich boeken, in berneboek en de ferhalebondel  Ik bedoel mar! folgen. Nei 2010 lei er him ta op it digitaal publisearjen fan syn wurk. Syn roman Einum waard yn 2015 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis.

Ynformaasje
- Data: tiisdei 22 septimber, 6 oktober, 20 oktober, 10 novimber
- Tiid 19.30 – 21.00 oere
- Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
- Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo en in opdracht
- Kosten € 50,00
- De fier- en skriuwtaal is Frysk
- Opjefte foar 15 septimber by This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.