Frysk Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje yn de earste moannen fan 2023 in kursus oer it skriuwen fan poëzy. Krijst les fan ferskate dichters en nei njoggen jûnen hast de mooglikheid om dyn wurk hearre te litten op in ôfslutende dichtersjûn.
De kursuslieders binne Kate Schlingemann, Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Geart Tigchelaar en Tryntsje van der Veer. Sa komt by Edwin de Groot it poëtyske aspekt fan ferbylding troch it gebrûk fan byldspraak (metafoar en ferliking) oan de oarder en giet it by Tryntsje van der Veer oer de foardracht fan fersen.
Der binne noch in pear plakken beskikber. De oanmelding stiet foar alle dichters oant 15 jannewaris 2023 iepen.
Ynformaasje
- Data: tiisdei 24 en 31 jannewaris, 7, 14, 21 en 28 febrewaris, 7, 14 en 21 maart fan 19.30 – 21.30 oere yn it literêr kafee fan Tresoar te Ljouwert
- Yn april is der in ôfslutende dichtersjûn
- Doelgroep: begjinnende en betûftere dichters
- Kosten € 80,00
- De fiertalen binne Frysk en Nederlânsk
- Opjefte foar 15 jannewaris 2023 by Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.