Skriuwster Marga Claus jout geregeld in kursus oer it skriuwen fan in libbensferhaal. Op 15 febrewaris 2023 set sy útein mei in nij blok. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.
It is in moaie en sinfolle bezichheid om yn in lytse groep minsken dwaande te wêzen mei it eigen libbensferhaal. Mei bepaalde oefeningen aktivearje wy oantinkens út de jonge jierren. It blykt dat skriuwe yn in groep in soad opsmyt. De kursisten bringe elkoar op ideeën, en sadwaande slagget it hieltyd better om hichte- of djiptepunten út it ferline op papier te krijen. Dat is moai foar it neigeslacht, mar seker ek foar de haadpersoan fan it ferhaal. De skriuwsels liede wer ta weardefolle petearen.
Start: 15 febrewaris 2023, woansdeitemiddei fan 2-4 oere
Plak: Tresoar, Ljouwert
Minimaal 6, maksimaal 8 persoanen.
Kosten: 8 lessen foar €160,00 (ynklusyf 21% btw)