De lanlike ‘Roze Zaterdag’ soe 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde, mar skoot no in jier op fanwegen it coronafirus. Ta gelegenheid fan dy Rôze Sneon wurdt wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân.
De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje we wat priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt.

Diel 1: Titia Brongersma, mei it âldste fers (út 1686), dat yn de bondel komt.

It Nederlânske orizjineel wurdt folge troch de Fryske oersetting.

‘Aan Elisene’
 
‘Ach! moet ik dan zover van u gescheiden blijven
Daar men alleen door schrijven
Uw heusheid nad’ren kan,
Hoe dikwijls spreek ik daar met droeve klachten van.
En ’t lekkend’ oog waaruit de brakke droppels springen
Een ramp komt op te dringen
Aan mijn bedrukt gemoed,
Dat door de hoop van u te zien steeds werd gevoed.
Maar ach! wanneer, wanneer: o wrede tussenwegen
Komt het u eens gelegen
Dat ik mijn hart ontlast,
En het verlangen sus, dat reeds lang steeds meer wast
Tot u mijn Eliseen: ay! wou Dedaal me gunnen
Zijn wieken ’k zou dan kunnen
Gemoedigd tot u gaan,
Of dat ik had maar de pluimen van een zwaan.
Ik zou de driften van de Ee-stroom over plassen
Om u te gaan verrassen,
En als een klis uw leden
Aankleven, maar helaas deze spoorloze reden
Verkwikken mij: alsof ik waarlijk u omhelsde,
En mond en lippen knelsde,
Doch ’t is maar enkel droom,
Vaarwel, en leef gerust totdat ik bij u koom.
 
Ut: De bron-swaan (1686)
 
'Oan Elisene’
 
‘O! sa fier fan jo skaat moatte te bliuwen
Dêr’t men allinne troch skriuwen
Jo echtens komt benei,
Hoe faak sprek ik der mei
drôve klachten fan. De brakke drippen springe
út it lekkend each. In ramp sil him opkringe
Oan myn tekniesd moed,
Dat fûn troch de hoop fan jo te sjen hieltyd foer.
Mar o! wannear, wannear: o wrede tuskenwegen
Komt it jo no ris gelegen
Dat ik myn hert ûntlêst,
En it langstme, dat hieltyd grutter wurdt, dwêst
Ta jo myn Eliseen: ay! as Dedaal my gunne woe
Syn wjukken ’k koe
moedich nei jo ta gean dan,
Of dat ik mar de plommen hie fan in swan.
Ik soe de driften fan ’e Ie-stream oer plaskje
Sa soe ik jo graach ferraskje,
En as in klis jo lea oankleve,
Mar, spitich, dizze spoarleaze reden
ferkwikke my: as omearmje ik jo mei foarsje,
wylst ik mûle en lippen parsje,
Doch, ’t is inkeld dreame dat ik kin,
Farwol, en libje rêstich oant ik by jo bin.
 
(oersetting Janneke Spoelstra)
 
Oer Titia Brongersma
Titia Brongersma waard om 1650 hinne berne yn Dokkum, it eksakte jiertal is net bekend. Ek wannear’t se stoar, is net bekend, wol dat it nei 1687 wie en dat it yn Grins wie. Se wie de dochter fan Bronger Wijtses, sjirurgyn, en Aeltien Koertsdochter. It wie in begoedige famylje mei famyljeleden yn hege funksjes, lykas boargemaster Hillebrandt Brongersma. Foar safier’t bekend is, hat Titia net troud west.
Yn 1686 ferskynde har bondel De bron-swaan, of mengeldigten fan mar leafst 240 siden. Se skriuwt oer húslike saken as borduerje en blomskikke, mar ek leafdesgedichten oan Elise (Elisabeth Joly) en lofdichten, ûnder oare op dichters Adriaan Tymens, Eelkje van Bouricius en Katharyne Lescailje. Yn de bondel steane ek fjouwer Fryske fersen.
Yn de achttjinde en njoggentjinde iuw wie men net sa te sprekken oer har poëzy (‘wansmakelijk gerijmel’), mar dat feroare yn it begjin fan de tweintichste iuw. Yn 1924 krige se ynternasjonale lof nei’t W.E. Collinson har Fryske poëzy yn it Ingelsk fertaalde. De lêste jierren nimt de belangstelling wer ta om’t der mear omtinken is foar skriuwende froulju. De fersen dy’t se foar har freondinnen skreau, litte sjen dat yn har tiid yn Fryslân in froulike lês- en skriuwkultuer wie.
 

Oer it dossier
De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.
De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.