De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje wy wat priuwkes fan wurk dat yn de rôze blomlêzing opnommen wurdt. 

De twadde bydrage yn dit dossier befettet wurk fan de jongste skriuwer, dat yn de bondel opnommen wurdt, en komt fan Joël Hut.


It Fryske orizjineel wurdt folge troch de Nederlânske oersetting.

ûntknoping
 
myn eech falt op hem
en hij sjucht mij sjen
 
seit er mij syn jermes ta
ik raan en ferhurdzje
myn hannen op syn skouders
myn lippen op syntes
 
hij hellet it paars fan mij ou
de ûntknoping fan myn blau
myn rôs ducht er los
 
myn fingers op syn búk
syn shirt oan 'e kant
ik freegje mar hij stiet mij ta
försichtich reitsje ik
syn littekens oan
 
dan tast er nei ûnder
mar bin hem krekt för
fjil syn böre
fjil dat it reind het.
 
Ut: Ensafh (2019, nûmer 3)
 
ontknoping
 
mijn oog valt op hem
en hij ziet me kijken
 
en biedt me zijn armen aan
ik smelt en verhard
mijn handen op zijn schouders
mijn lippen op de zijne
 
hij trekt het paars van me af
de ontknoping van mijn blauw
mijn roze maakt hij los
 
mijn vingers op zijn buik
zijn shirt omhoog
ik vraag maar hij staat me toe
voorzichtig raak ik
zijn littekens aan
 
dan tast hij naar beneden
maar ik ben hem net voor
voel zijn kater
voel dat het geregend heeft
 
(fertaling: Jantsje Post)
 
Oer Joël Hut
Joël Hut is de skriuwersnamme fan Joël Huitema, berne yn 1995 yn Sint-Nyk. No wennet er yn Ljouwert en wurket as húswurkbegelieder. Yn syn ferhalen en gedichten hat er hiel bewust oer LHBT-personaazjes skreaun, om’t dy net faak foarkomme yn de Fryske literatuer. Sels is er biseksueel. Hy wol mei syn wurk minsken lykas him in stim jaan en hopet sa ek jonge minsken te helpen dy’t wrakselje mei har seksuele aard. Dat docht er ûnder oare troch bewust mei taal om te gean en yn de ûnderwerpen dêr’t er oer skriuwt.
Hjoed-de-dei skriuwt er inkeld yn it Súdwesthoeksk, de taal dêr’t er yn opgroeide. Syn debút wurdt yn juny dit jier ferwachte en sil dan ek folslein yn dy Fryske streektaal wêze. De jongerein is oer it algemien goed te sprekken oer syn wurk, al hat it bytiden wolris wat riedseleftichs.

(foto makke troch Line Hut)

Oer it dossier

De lanlike ‘Roze Zaterdag’ soe 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde, mar skoot no in jier op fanwegen it coronafirus. Ta gelegenheid fan dy Rôze Sneon wurdt wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân.
De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.
De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.

Diel 1 giet oer wurk fan Titia Brongersma.