De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje wy wat priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt.

De sechsde (en lêste) bydrage yn dit dossier befettet wurk fan Sipke de Schiffart, hy skriuwt oer biseksualiteit.

It Fryske orizjineel wurdt folge troch de Nederlânske oersetting.

Sjappy (fragmint)

(...) Fansels hie elk syn of har foarkar, mar gjinien hie in hekel oan ien fan de oaren, dêr hie Herke harren ek op selektearre. It meast waard lake as in famke keppele waard oan in famke en it aldermeast as in jonge keppele waard oan in oare jonge. Gelokkich hienen de ereksjes der net ûnder te lijen. Yn it begjin fûn net ien it leuk om it te dwaan mei ien fan it eigen geslacht, mar se hienen har der alle seis oer fernuvere hoe gau’t dat gewoan waard. Ja, it hie sels foardielen, want in famke wit it bêste hoe’t se in oar famke slikje moat en in jonge wit better hoe’t er in pik ôfsûgje moat, hy hat ommers sels ien.
     Meinze en Ate wienen superhetero’s. As ien harren fan tefoaren sein hie, dat se genietsje soenen fan seks mei in oare jonge, hienen se dyjinge foar gek ferklearre. Se dienen mei om de famkes. En yn it begjin tochten se ûnder de seks mei in oare jonge allebeide wol efkes: wêr bin ik yn godsnamme mei dwaande! Mar se hienen noait tocht dat it sa fluch wende. It wie as betiid yn de simmer yn bûtenwetter swimme: earst is it wetter in hoartsje kâld, mar al rap binne je deroan wend en dan is it lekker.
      As ien ergens ris gjin nocht oan hie, sei Herke altyd: ‘It sit net tusken de skonken, mar tusken de earen.’ Hy hie de keutel by it skjinne ein.
     Sa kamen se derachter dat elk minske yn wêzen biseksueel is. De ien hellet allinne wat mear oer nei it iene en de oar wat mear nei it oare. It ferskil tusken hetero en homo is foar in grut part oanleard en it hinget ôf fan de omstannichheden wêr’t je foarkar nei útgiet. Eins is it in âlderwetsk ûnderskied, froeger wie it noadich dat safolle mooglik minsken hetero wienen, om bern op de wrâld te setten, mar dat is achterhelle no’t de wrâld slim oerbefolke is. It is net útsletten dat yn de takomst de homoseksuele oanlis de minsken nochris as ideaalbyld foarholden wurde sil.
     Foarearst binne we lykwols ûnderweis nei in biseksuele wrâld. Je sjogge it om je hinne, op de buorren, yn de stêd, oeral: de geslachten groeie nei inoar ta. Manlju wurde frouliker en froulju manliker. In man mei in rinkje yn it ear, dy’t it hier ferve hat en parfum brûkt, is al like gewoan as in frou mei in lange broek oan yn pleats fan in jurkje of rokje. Hetero’s wurde minder hetero en homo’s minder homo. Letter sille de ferskillen hielendal ta it ferline hearre.
     De Rolling Stones binne de bêste popgroep dy’t der oait west hat, mar de meast ferstokte Stonesfan kin as er earlik is net ûntkenne dat ek de Beatles wolris in aardich plaatsje makke ha, dêr’t je sa no en dan mei wille nei harkje kinne. Guon minsken hâlde fan romaanske gebouwen, oaren fan goatyske arsjitektuer. De ien hâldt fan de maaitiid, de oar fan de hjerst. Ensafuorthinne, ensafuorthinne. Ferheven minsken sjogge de skjintme fan beide boustilen en genietsje fan alle seizoenen. En de ien hâldt fan skaken, de oar fan damjen. It Frysk damjen sit der tuskenyn, eins is dat in biseksuele tinksport. Hoe dan ek, it giet derom dat it iene net better of minder is as it oare en in wiis minske stiet oeral foar iepen. Je binne dochs gek as je allinne mar hâlde fan popmuzyk of allinne mar fan klassike muzyk? It is net it iene of it oare, it is beide, it iene en it oare, alles. (...)
 
Ut: Sjappy (2020)
 
(...) Natuurlijk had iedereen zijn of haar voorkeur, maar niemand had een hekel aan een van de anderen, daar had Herke hen ook op geselecteerd. Het meest werd er gelachen als een meisje werd gekoppeld aan een meisje en het allermeest als een jongen gekoppeld werd aan een andere jongen. Gelukkig waren de erecties er niet minder om. In het begin vond niemand het leuk om het te doen met iemand van het eigen geslacht, maar ze hadden zich er alle zes over verbaasd hoe snel dat gewoon werd. Ja, het had zelfs voordelen, want een meisje weet het beste hoe ze een ander meisje moet beffen en een jongen weet beter hoe hij een pik moet pijpen, hij heeft er tenslotte zelf een.
     Meinze en Ate waren superhetero’s. Als iemand van tevoren tegen hen had gezegd dat zij zouden genieten van seks met een andere jongen, hadden ze hem voor gek verklaard. Ze deden mee om de meisjes. En in het begin dachten ze tijdens de seks met een andere jongen allebei wel even: waar ben ik in godsnaam mee bezig! Maar ze hadden nooit gedacht dat het zo snel zou wennen. Het was net als vroeg in de zomer in buitenwater zwemmen: eerst is het even koud, maar al gauw ben je eraan gewend en dan is het lekker.
     Als iemand ergens geen zin in had, zei Herke altijd: ‘Het zit niet tussen de benen, maar tussen de oren.’ Hij had het bij het rechte eind.
     Zo kwamen ze erachter dat elk mens in wezen biseksueel is. De een helt alleen wat meer over naar het ene en de ander wat meer naar het andere. Het verschil tussen homo en hetero is voor een deel aangeleerd en het hangt van de omstandigheden af waar je voorkeur naar uitgaat. Eigenlijk is het een ouderwets onderscheid, vroeger was het nodig dat zoveel mogelijk mensen hetero waren, om kinderen op de wereld te zetten, maar dat is achterhaald nu de wereld zwaar overbevolkt is. Het is niet uitgesloten dat in de toekomst de homoseksuele aanleg de mensen nog eens als ideaalbeeld zal worden voorgehouden.
     Maar vooralsnog zijn we onderweg naar een biseksuele wereld. Je ziet het om je heen, in de dorpen, in de steden, overal: de geslachten groeien naar elkaar toe. Mannen worden vrouwelijker en vrouwen mannelijker. Een man met een ringetje in zijn oor, die zijn haar heeft geverfd en parfum gebruikt, is al even gewoon als een vrouw in lange broek in plaats van een jurkje of rokje. Hetero’s worden minder hetero en homo’s minder homo. Later zullen de verschillen helemaal tot het verleden behoren. 
     De Rolling Stones zijn de beste popgroep die er ooit is geweest, maar de meest verstokte Stonesfan kan als hij eerlijk is niet ontkennen dat ook de Beatles weleens een aardig plaatje hebben gemaakt, waar je zo nu en dan met plezier naar kunt luisteren. Sommige mensen houden van romaanse gebouwen, anderen van gotische architectuur. De een houdt van de lente, de ander van de herfst. Enzovoort, enzovoort. Verheven mensen zien de schoonheid van beide bouwstijlen en genieten van alle seizoenen. En de een houdt van schaken, de ander van dammen. Het Fries dammen zit ertussenin, eigenlijk is dat een biseksuele denksport. Hoe dan ook, het gaat erom dat het ene niet beter of slechter is dan het andere en een wijs mens staat overal voor open. Je bent toch gek als je alleen maar houdt van popmuziek of alleen maar van klassieke muziek? Het is niet het ene of het andere, het is beide, het ene en het andere, alles. (...)

(fertaling: Jantsje Post)
 
Oer Sipke de Schiffart
Sipke de Schiffart is berne yn Longerhou yn 1959. Hy wie boer, mar ferkocht de pleats nei tsien jier boer west te hawwen. Hy wennet yn Ljouwert. As boer krige er hieltyd mear nocht oan literatuer; lies in soad, learde gedichten út ’e holle en skreau doe’t er in jier as tweintich wie sels ek poëzy. No is er njonken it skriuwen ek warber as skilder. Hy wûn ferskate kearen in Rely Jorritsmapriis. It tema dea komt gauris werom yn syn wurk. Yn syn debút Wat it is om bang te wêzen (2012) falle de ferhalen op troch har komposysje, de (gauris) synyske draai, personaazjes binne ienlingen mei in fassinaasje foar dea, seks en geweld. Hy skriuwt ek gedichten, neffens him is syn poëzy tagonklik en net kryptysk of hermetysk. De bondel Oan dy tinke (2017) hat langstme nei leafde as tema.
Dir jier ferskynt de roman Sjappy, dy giet oer in boeresoan dy't te min soerstof hân hat by de berte.
 

Oer it dossier
De lanlike ‘Roze Zaterdag’ soe 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde, mar skoot no in jier op fanwegen it coronafirus. Ta gelegenheid fan dy Rôze Sneon wurdt wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân.
De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.
De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra.

Diel 1 giet oer wurk fan Titia Brongersma.
Diel 2 giet oer wurk fan Joël Hut.
Diel 3 giet oer wurk fan Janneke Spoelstra.
Diel 4 giet oer wurk fan Sybe Krol.
Diel 5 giet oer wurk fan Rixt Weiland.