Hjoed, op 11 novimber 2021, wurdt skriuwer Meindert Bylsma 80 jier. Om dat feit te fieren begjint Tresoar op dizze dei mei in nij dossier op Sirkwy oer de skriuwer. Arjan Hut hat de poëzy fan Bylsma (wer) lêzen en hat dêr in skôging oer skreaun. Dy skôging wurdt yn trije stikken publisearre op Sirkwy. Dêrneist wurdt in ferskaat oan byldmateriaal fertoand.
Meindert Bylsma waard berne op 11 novimber 1941 yn Wergea. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Doe't er út militêre tsjinst kaam, begûn Meindert Bylsma syn wurkpaad yn it ûnderwiis oan in legere skoalle yn Drachten. Tsien jier letter waard er leraar nifeljen oan in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Twente, mar dreaun troch ûnwennigens wie er nei in pear jier wer werom yn Fryslân. Hy kaam yn Kimswert te wenjen en krige in baan as learaar Nederlânsk en nifeljen oan in skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis yn Harns.
Yn syn 'Drachtster tiid' healwei de jierren sechtich ferskynden de earste publikaasjes fan Bylsma yn de foarm fan koarte ferhalen. De ferhalen waarden goed ûntfongen. Hy krige yn 1965, 1968 en 1970 de Rely Jorritsma-priis foar proaza en yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne (novimber 1967) waard syn ferhaal 'It motyf' opnommen. Syn novelle Boartsjendewei ferskynde yn 1981 yn in apart nûmer fan literêr tydskrift Sonde. Dochs krige er ynearsten mear namme as dichter; yn 1966 en '67 bekroande de Rely-sjuery in fers fan him. Meindert Bylsma hearde ta de groep jonge dichters dy't ein jierren sechtich, begjin santich, de literatuer út syn ivoaren toer helje woene.
Mear witte oer Meindert Bylsma? Lês dan syn biografy of sjoch yn it dossier.