Reis troch de bondels fan Meindert Bylsma, diel 3 (slot). Troch Arjan Hut.

Inkeld ien dichtbondel bringt Meindert Bylsma út yn de jierren njoggentich. In jier lang sit de skôger en dichter, dy’t him hieltyd mear op proaza rjochte hat, alle sneinen op in fêst plak yn de natuer tusken Arum, Kimswert en Pingjum. Wat er sjocht, tinkt of fielt, dêr skriuwt er in fers oer. It risseltaat stiet yn Dy iene ielreager dy’t opwjokket. Nee, gjin fiskefamkes yn dy omkriten, dêr swimme dy net om. Fierste gefaarlik mei sokke grouwe, roppige fûgels, dy’t as in moat sa in mol, rôt of kikkert trochslokke.

Alle sneinen? Nee. Earne yn de simmertiid giet Bylsma op fakânsje, fart mei de Stena Line (‘... wy tinke free / Om mei te begjinnen: / tax free,’ dichtet er) nei Wales, dan fia plakken mei nammen as Penrhyndeudraeth, Tan-Y-Bwlch en Rhiwbryfdir nei de Slate Mine fan Gloddfa Ganolf. Yn in boekwinkel yn Hay on Wye (‘the town of books’) siket de dichter om syn eigen Oant sjen yn Peazens-Moddergat. Hat er sels net mear in eksimplaar? Se ha him dêr net te lizzen. Is dat wêr’t er werklik om siket yn Wales? Yn Minsken beskriuwt er minsken (Friezen?) mei in flues snie / oer it gefoel / in flues iis / oer de fantasije, ‘Ik ken de maitiid net mear byhâlde’, seit it yn Samar (s. 35) en yn Muzyk (s.44) ‘Ik bespylje de stilte’, in echo fan de wite side fan Tekens en it langere De ûntjouwing fan de dichter.

Wilens hawwe haadletters en ynterpunksje har opwachting makke yn de gedichten, it liket in ynfloed fan de proaza út. It dichtsjen rekket wat op de achtergrûn, tsjinoer dy iene bondel dy’t yn it lêste desennium fan de 20ste iuw opwjokket, steane twa romans, in ljochtmoanneboekje en in boekewikegeskink. Yn dizze iene bondel stiet wol it meast resinte blomlêzen fers fan de dichter. Abe de Vries socht Warskôging (s. 23) út foar Het Goud op de Weg (2008). Yn dit fûle, skerpe fers docht Bylsma syn poëtyske ‘haka’ nei ‘projektûntwikkelders / en sokken dy’t mei dyselden / ûnder ien tekken skûlje’.

De winst
sil lykwols bitter smeitsje
dit lân lit him net
foar de bulldozer ride
dit lân lit him net troaie
mei falske tongen
dit lân liket wol lykwichtich
mar it sil gjin hâldfêst jaan
as yn in sompe sille
jim bouwurken weisakje.

De Vries selektearre twa fersen, de oare is It jonkje. Opfallend is dat de toan fan it jonkje, syn wrok op heit en mem, oerienkomt mei dy fan de dichter tsjin de projektûntwikkelders oer:

ik gean wol allinnich
nei amearika hear
mei myn reade kipauto
en as ik werom kom
jei ik jim teevee
ek hartstikke dea

eigen skuld

in faai hinnekommen 2001

Nij(sgjirrig)e tiden
‘Poezije / is it hinnekommen / fan ‘e dichter, / mei wankele wurden / boud op in wif fûnemint / fan tsjinstellingen’, sa iepenet de bondel In faai hinnekommen (2001).  It is it jier fan de oanslaggen op de Twin Towers yn New York en liket achterôf in grut kearpunt yn de skiednis fan de minskheid. Amper tsien jier nei de ein fan de Kâlde Oarloch is dit it begjin fan de War on Terror, in nije weach fan religieus fanatisme, militarisme, nasjonalisme en ksenofoby. It libben is net altyd rys mei rezinen, it is ek wolris grôt mei krôde. Net raar dat in kreative siel hâldfêst siket yn eat dat mear om hakken hat as sa’n wif hutsje fan fersen. It is in titel dy’t oanslút by de tiid, sa bedoeld as net. It sil ek de lêste bondel mei gedichten wêze dy’t Bylsma útjout by de Koperative Utjouwerij, dy rint - yn tsjinstelling ta de dichter - op de lêste fuotten. Op it hichtepunt hie de KU wol fyftich skriuwers, yn 2007 is it ferhaal oer. Bylsma mei sykje nei in oar thús. Der is wol aardich omtinken foar In faai hinnekommen, yn Trotwaer (yn 2003 foar it lêst ferskynd, it giet oer yn DeMoanne) skriuwt Syta Palma in skôging en stipt dêrby ek syn eardere útjeften oan. Yn itselde nûmer in ôflevering fan it feuilleton Libben elikser fan Jitske Kingma. Dy har lettere printing-on-demand útjouwerij Elikser, mei in winkel oan de Ossekop yn Ljouwert, sil Bylsma syn nije thúshonk wurde.

It wyt fan de side, de stilte, it komt werom as leechte yn In faai hinnekommen, as yn it fers Trio (s. 32) stiet fan ‘Ik bespylje de leechte’. De foar de dichter typyske opsommings (Alpita de Jong neamt se ek yn har besprek en meldet dêrby dat gâns besprekker foar har dêr blykber oer stroffele) komme funksjoneel (plaknammen yn Reis yn de maitiid) en suver klierderich (produkten yn Oan de doar keapje wy net) werom. Yn Tsyp tsjyp ropt er Jan Hanlo syn De Mus op. Hy relativearret de prestaasjes fan de moderne banksitminske mei ôfstânsbetsjinning as ‘it klimmen nei de top fan de bonsaibeam’ (s.39). It libben sels is syn lân. Hy sit fêstsûge yn de drek, mar ‘nea sodske it yn my op / dit sompige lân los te litten’.

It is in werheljen fan tema’s, foarmen, as kin it allegear noch ien kear krekt oars, krekt fierder dichte wurde, wurden skreaun oer it skaad fan eardere poëzij. It kontakt sykjen mei it publyk bliuwt, mar is likegoed evoluearre: de fernijer hoecht net mear aktyf de kroegen yn, de redaksjes bydel, de bakker út te hingjen of fersen te operearjen. Achteryn de bondel stiet diskear in e-mail adres mei in opmerking dat, as de lêzer oanstriid fielt te reagearjen of kommintaar te jaan, hy of sy dat foaral net neilitte moat. Ommers, it hoecht net altiten fan de kant fan de auteur te kommen!
Ien fan myn favorite fersen yn dizze bondel is Flat, in soartemint subtile trageedzje, in observaasje en ek wer in moai foarbyld fan Bylsma syn kleurgebrûk:

Grien alle doarren,
griis alle muorren,
it stek swartbrún.
En oeral fitraazje
út ‘en witens.

Rôs it jaske,
blau bebroeke,
in famke fan twa.
Fjouwer heech,
op in trijetsjiller
rôlet se
fan ‘e iene kant
fan ‘e galery
nei de oare,
fan ‘e oare
nei de iene.

En goudgiel
de sinne,
oan ‘e oare kant
fan ‘e flat.

rys mei rezinen v hr 2013

“'t Is alle dagen duveldei! Wêr fyn ik noch in útbrekwei?,” seit de promotekst by Rys mei rezinen - Grôt mei krôde (2013), de earste bondel by de nije útjouwerij Elikser. Poëzij en proaza skowe ynmekoar, trochmekoar. “Noch ien kear wol ik my útrisse ta de striid: ien kear noch ynbrekke yn 't libben, op 'e râne fan 'e tiid.” De tiid stekt him lykwols fierder út, de útjouwerij hjit net om ‘e nocht Elikser, en sa komt yn 2019 In balpinne tsjin ’e râne fan it trottwaar.

In heale iuw nei De tévé op it jiskelân is de ynspiraasje perfoarst net opdrûge. In betûfte dichter, ien fan de stamâldsten fan de Fryske poëzij is er no. Syn wurk is jimmer tagonklik, hy kin op syn eigen wize alle ûnderwerpen oanpakke. Yn de meast resinte bondel skriuwt er oer it âlder wurden, hoe't ien hieltyd mear grip ferliest op taal en lichem. Swiere matearje, licht ferwurde, te lêzen mei in glimk. Lykas it gedicht Krimp. De titel ropt al bylden op fan leechsteande hûzen yn stjerrende plattelânsdoarpen, it ferdwinen fan skoaltsjes, winkels en ferieningen. Hjir sit in man yn syn wenning achter it finster en syn wrâld is krompen ta in lytse achtertún. Dat konstatearret er sels, de ôfnimmende aksjeradius, en lêzendeweis wurdt dúdlik dat it hjir om in minske giet dy't fan de natuer hâldt, in wier bûtenminske is. Hy sjocht nei fûgels dy't út in siedbakje oan in beam ite. It tilt yn de tekst op fan ferlytsingswurden: fûgeltsje, siedsje, graantsje, túntsje, as it it gedicht sels oan it krimpen. As der dan dochs in nij, frjemd elemint yn byld komt (it frjemde fûgeltsje), kin de sjogger oan de finsterbank net gau genôch by syn âlderwetske fûgelgids, dêr't alle nammen yn bewarre stean. Ien emoasjewurd: 'oermânsk', dat is alles. De fûgelsjogger akseptearret syn sitewaasje. Hy ferdwynt sels stadich út byld. De krimp set troch.

De geranium yn 'e midden fan 't finsterbank
-earste teken fan in ôfnimmende aksjeradius-
sko ik fansiden: oan it siedbakje yn 'e apelbeam
hingje in swartmûtske en in blaumûtske. Mei in
linige slach fan 'e kopkes nukke se sied dat har
net noasket op 'e grûn. In stikmannich mosken
skarrelet der yn om. In readboarstke yn 'e hage
loert op in kânske om ek in graantsje mei
te pikken.

Ynienen in frjemd fûgeltsje! Gaugauwer noch as
ik myn 'Fûgels fan Fryslân' pakke kin, snipt de
frjemdling in siedsje fan 'e grûn en set
de wjukken der wer yn.
It tempo yn myn nei in túntsje ta krompen
territoarium wurdt my, sa't liket, ek al oermânsk.
Om gjin krimp te jaan, beneam ik it fûgeltsje
ta in eksoat, net yn 'Fûgels fan Fryslân' te finen.
De geraniums sko ik wer te plak.

Yn syn fraaie hinnekommen yn wûnderfol Kimswert is Meindert Bylsma, it jonkje, de fernijer, reizger, taalboarter, observator, tax-free tinker, en allround auteur, op 11 novimber 2021 tachtich jier wurden. Ut namme fan alle lêzers, fan herte lokwinske!

Lês diel 1 en diel 2 werom.