Hjoed binne op de website fan de DBNL (digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren) alle jiergongen fan de literêre tydskriften  De Tsjerne (1946-1968) en Trotwaer (1969-2002) beskikber kommen.

By de ferhalewedstriid dy’t alle jierren organisearre wurdt troch It Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad wienen 51 ynstjoeringen yn it Frysk en yn it Stellingwerfsk, ferdield oer in junior- (12) en in seniorkategory (39). Dit jier wie it tema ‘Gjin styl?!’.