Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga.

Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan ynhâld en foarm behannele wurdt. Op syn minst fjouwer ynstjoerders hawwe dat, neffens de sjuery, op ferskate wizen, poerbêst dien. Uteinlik besleat de sjuery dat ien fan dy fjouwer minsken in hast perfekte oersetting skreaun hat, nammentlik Marko van der Wal.

Ut it sjueryferslach: “De enzjambeminten, dy’t foar tal fan ynstjoerders in stroffelstien foarmen, hat dizze persoan naadleas en mei in oantoanber gefoel foar poëzij witten te fangen. Ek ferwiiswurden, ritme en, net alhiel ûnbelangryk, haadlettergebrûk en ynterpunksje binne foutleas oerset.”

De bekendmakking fan de winner fan de oersetwedstriid wie ôfrûne sneon op de literêre jûn yn Ljouwert yn it ramt fan de Boekewike, mei û.o. Jan Siebelink, de skriuwer fan it Boekewikegeskink, en Tsead Bruinja, de Dichter des Vaderlands.

De bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en in jildbedrach fan € 250. De sjuery bestie út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. De oersetwedstriid, in inisjatyf fan de Dichter fan Fryslân, is organisearre yn gearwurking mei It Skriuwersboun. Doel is om binnen it projekt ‘Dichter fan Fryslân’ jierliks in oersetwedstriid te organisearjen.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. Sjoch hjir foar mear ynformaasje en it folsleine sjueryferslach.

Op de foto: Marleen Nagtegaal, sjueryfoarsitter lêst it sjueryrapport foar. Dichter fan Fryslân en skriuwer fan it oer te setten gedicht 'Redens fan it wurd', Eeltsje Hettinga heart ta. Marko van der Wal wie sels net oanwêzich.