Op 14 april is yn syn wenplak Amsterdam skriuwer en keunstner Hessel Miedema (1929-2019) ferstoarn. Miedema hat in bysûnder plak yn de Fryske literatuer, mei't er in lyts oeuvre skreaun hat, mar dochs fan betsjutting west hat. Net te min om't er bewust ôfskie nommen hie fan it Fryske skriuwen.
Hessel Miedema groeide op yn Amsterdam en rekke dêr fia it studintekabaret behelle by it tydskrift Quatrebras (1954-1966) dat oprjochte wie troch syn meistudinten Marten Brouwer, Lambert Mulder en Sybe Sybesma. Quatrebras ferskynde yn trochsneed seis kear jiers foar in lytse rûnte fan sa’n hûndertfyftich abonnees. It tydskrift joech in protte omtinken oan eksperimintele poëzy en typografy en waard ferneamd as ít blêd fan de ‘Fryske fyftigers’.
Hessel Miedema brûkte yn syn proaza en poëzy ûnder beswier nij betochte en âldfrinzige ‘wurdboekwurden’ neist inoar. Nei eigen sizzen skreau er noait sûnder Frysk wurdboek. Miedema, dy’t tusken 1957 en 1963 konservator wie fan Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert, waard yn dy tiid de sintrale en meast kontroversjele figuer yn de Quatrebras-redaksje, net yn it lêste plak troch syn krityk op it Fryske keunstklimaat. Foar him wie it belangryk om yn taal wat nijs te skeppen: ‘... as in nij gebou oanpast wurde moat om’t der in âld gebou njonken stiet, is der gjin ûntjouwing mooglik.’ Dat skeppingsproses is ek it sintrale tema fan syn bekendste gedicht ‘De greate wrakseling’.
It gedicht 'De greate wrakseling' wie foar Hessel Miedema tagelyk in soarte fan ôfskie fan syn skriuwerskip. Yn 1973 ferskynde Op 'e literêre toer, in sammelbondel mei it wichtichste literêre wurk fan de skriuwer. De bondel wurdt ôfsletten mei in Nederlânsktalich brief, dêr't Miedema syn beslút om op te hâlden mei skriuwen yn ûnder wurden bringt.
Lês mear oer Hessel Miedema yn syn biografy.
Boppesteande ynformaasje is helle út syn biografy op Sirkwy en de literatuerskiednis Salang't de beam bloeit (2018) fan Joke Corporaal.
Mear ynformaasje:
- In memoriam troch Eeltsje Hettinga (26-04-2019)
- In memoriaum op Fers2.eu (24-04-2019)
Ynhâldsopjefte fan Quatrebras yn 1962, mei wurk fan Hessel Miedema.