Op freed 26 april is de skriuwersarke op De Feanhoop wer iepensteld foar skriuwers. Dit jier sille fiif skriuwers in skoftke ferbliuwe yn de arke dy't earder teheard hat oan Rink van der Velde. Dêrneist presintearren de skriuwers fan ferline jier it wurk dat se yn de arke skreaun hiene.

By de arke fertelden de skriuwers fan 2019 koart wat se fan doel wiene. Dit jier binne dat Jetske Bilker, Remco Kuiper, André Looijenga, Harm Bloemhof en Simon Oosting. De lêste krige fuortdaliks de kaai, de oaren komme letter yn de maitiid en simmer oan bar. 

Nei't elk in slach troch de arke west hie, fertelden de skriuwers fan ferline jier hoe't se de tiid by it petgat belibbe hiene en wat se skreaun hiene. Wilma Miedema en Lieuwe Durksz liezen stikjes foar út it boek dêr't se mei oan de gong binne. Willem Winters en Anneke van Renssen hiene it boek al klear: It petgat (Frysk- en Nederlânsktalich), dat se it ljocht joegen op de byienkomst. Allart van der Woude en Tialda Hoogeveen hiene yn 2019 ek taholden op de arke, mar koene net oanwêzich wêze. De middei waard fan muzyk foarsjoen troch Sytse Haima. 

De arke is yn behear fan It Fryske Gea en yn de mande mei de Stifting FLMD en Tresoar wurdt de arke alle jierren beskikber steld foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar. Op de foto fan links nei rjochts: Harm Bloemhof, Simon Oosting, Jetske Bilker, André Looijenga en Remco Kuiper.