Utjouwerij HotSum skriuwt in priisfraach út foar it bêste, net earder publisearre, Frysktalige reisferhaal. Foar de winner leit in jildbedrach fan 1500,- euro klear. It winnende ferhaal wurdt mei oare ynstjoerde (selektearre) ferhalen begjin 2020 yn de bondel Under oaren publisearre.
De betingsten dêr’t in ynstjoerd ferhaal oan foldwaan moat om meitingje te kinnen nei priis en publikaasje, binne:
– ynstjoering as digitale tekst foar 1 novimber 2019, ynklusyf namme, adres en oare kontaktgegevens;
– maksimaal 3200 wurden;
– in foto nei eigen kar meistjoere dy’t rjuchtefrij te brûken is yn de bondel;
– it ferhaal mei net earder publisearre wêze;
– ferhalen dêr’t yn reizge wurdt mei in fleantúch wurde net yn behanneling nommen (duorsumens).
Let op: fansels komme ek imazjinêre reizen yn ’e beneaming. Handich foar wa’t net maklik fan hûs kin. Alle dielnimmers krije de bondel neitiid tastjoerd.
De ynstjoeringen wurde beoardiele troch de redaksjeleden fan útjouwerij HotSum, Jetske Bilker, Ytsje Hoekstra en Jantsje Post. It e-mailadres foar ynljochtingen en ynstjoeren is Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..