Op freed 17 maaie is de Simke Kloostermanpriis útrikt oan Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Auck Peanstra (1954-2016) foar Tomkes foarlêsfeest. Foar Auck Peanstra naam har man Frans Hoogland de priis yn ûntfangst.

Yn de tsjerke fan Twizel wie der in feestlik programma ûnder lieding fan de foarsitter fan it Simke Kloostermanlien, Oebele Brouwer. De muzyk waard fersoarge troch Hein Jaap Hilarides. Ut namme fan de sjuery lies Gerbrich van der Meer it sjueryrapport foar, dat hjir werom te lêzen is. De winner fan de foarlêswedstryd foar bern droech ek foar. Nei't de priis troch Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja oerlange wie, sprutsen Riemkje Pitstra en Luuk Klazenga alhiel yn styl har tankwurd út yn de foarm fan in Tomkeferhaal. Dat tankwurd is hjir te lêzen. Dêrneist hat de soan fan Auck Peanstra ek noch in pear wurden sein.

Oer de Simke Kloostermanpriis:
De priis, sa stelt it reglemint, moat om de trije jier yn de maitiid útrikt wurde yn Twizel, it berteplak fan de skriuwster Simke Kloosterman. De priis bestie yn 1982 út in oarkonde en in bedrach fan tûzen gûne. Letter gie it prizejild omheech. Yn 1998 waard it bedrach trijtûzen gûne, mooglik makke troch in bydrage fan de Provinsje; yn stappen gie it dêrnei nei 3500 euro yn 2013 en 5000 euro yn 2016. Fan it begjin ôf oan foelen alle soarten orizjineel frysktalige berne- en jeugdliteratuer ûnder it berik fan de priis.

Lês mear oer de Simke Kloostermanpriis en Simke Kloosterman.
2019 05 17 Simke Kloostermanpriis 5

2019 05 17 Simke Kloostermanpriis 3

2019 05 17 Simke Kloostermanpriis 4

2019 05 17 Simke Kloostermanpriis 2

Foto's: Haye Bijlstra, Tresoar.