LJOUWERT – Baukje Zijlstra (1967) fan Frjentsjer kriget de D. A. Tammingapriis foar har romandebút De koma-korrektor. De priis, in jildbedrach fan 3000 euro en in oarkonde, sil har op 21 juny útrikt wurde yn Tresoar.
It is de twadde kear dat de Tammingapriis foar in proazadebút takend wurdt. Yn 2014 wûn Ale S. van Zandbergen de priis foar de roman Littenser Merke. Yn 2016 gong de priis nei in poëzydebút, ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.
De sjuery, besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet, keas De koma-korrektor út tsien proazadebuten dy’t tusken 2014 en 2019 ferskynd binne.
Yn de roman De koma-korrektor komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..) It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’
De D. A. Tammingapriis, neamd nei de skriuwer en taalkundige Douwe Annes Tamminga (1909-2002) en bestuivere út it fûns fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), is yn it plak kommen fan de provinsjale Fedde Schurerpriis, dy’t yn 2012 foar de lêste kear útrikt waard.