Op 28 maaie is skriuwster Berber van der Geest yn Boalsert ferstoarn. Van der Geest wie in alsidich talint: se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken, mar se wie ek aktyf op it mêd fan toaniel en teater en dêrnjonken skreau se lietteksten.
Se debutearre as dichteres yn it jongereinnûmer dat De Tsjerne yn 1967 útbrocht. Dêrnei publisearren û.o. De Strikel, Sonde, Trotwaer en De Tsjerne fersen en ferhalen fan har hân. Dichtsjen wie foar Berber van der Geest in manier om har gefoel te uterjen, twivel en langst nei mear hâldfêst yn fertriet en iensumens binne weromkommende ûnderwerpen yn har fersen. Leafde, freonskip en de natuer binne positive eleminten yn har dichtwurk. Hoewol't har gedichten har maklik lêze litte, ûntdekt de lêzer de rike wrâld fan gefoelens en bylden krekt troch se wer te lêzen.
Har earste berneboek It âld kammenet ferskynde yn 1983. Dêrnei ferskynden noch in pear berneboeken, dêr't Bartele Bûse de bekendste fan is. Foar dat boek en foar De Kilekanen krige se de Simke Kloostermanpriis.
Lês mear oer Berber van der Geest yn har biografy.
Mear ynformaasje:
- Jelma Knol, Ensafh. 02-06-2019 (in memoriam).