Op 21 juny hat Baukje Zijlstra de D.A. Tammingapriis krigen foar har debútroman De koma-korrektor. Yn de roman komme neffens de sjuery ferskate ferhaallinen nei foaren; ,,Al dy ferhaallinen bringt de skriuwster by elkoar op in wize dy’t de lêzer fan it begjin ôf oan meinimt. (..)  It is knap hoe’t se it gauris swiere ûnderwerp fan in Yndië-ferline tagonklik makket foar de lêzer.’’ In protte Frysktalige 'Yndyske literatuer' is der net, mar der komt resint wol mear omtinken foar it Yndië-ferline. Mar wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Yndië en hokker literêre wjerslach hat Yndië hân op de Friezen?

Peke Donia, de koloniaal
Ein febrewaris 1943 ferstoar Klaes (Nicolaas) Haisma, soan fan in bouboer op de Fryske klaai, yn in Japansk konsintraasjekamp yn Nederlânsk-Yndië. Fryslân koe him better as Nyckle J. Haisma, de skriuwer fan Peke Donia, de koloniaal (1943, dêrfoar útjûn yn twa losse dielen yn 1937 en 1940). Nei syn ûnderwizersoplieding moast er earst seis jier lang Nederlânske les jaan yn Yndië. Haadpersoan Peke Donia is nei seis jier yn Yndië werom yn Fryslân, dat yn syn dreamen hieltyd moaier wurden is. Hy wol boer wurde, mar is bûn oan Yndië troch syn soan by in ynlânske frou. Mei syn swart hier is it jonkje in ‘net te fiemjen Easterling’. Yn it twadde part fan de dûbelroman hat Peke it bern nei Fryslân ta helle, mar de jonge kin dêr net aardzje en Peke set him oan de ein fan it boek op de boat werom.

Wolst it boek digitaal lêze? Sjoch dan op de digitale biblioteek.

kaart Nyckle Haisma
Brievekaart fan Nyckle Haisma út Medan (Ned. Yndië) oan Jelle Hindriks Brouwer.


Hwat west hat
Yn Hwat west hat (1965) sjocht Riemer Riemersma yn romanfoarm werom op syn tiid as Nederlânsk tsjinstplichtich soldaat yn de Yndonesyske ûnôfhinklikheidsoarloch (1945-1949). Hy reizge ôf nei de Nederlânske koloanje om ‘syn plicht’ te dwaan, mar kaam desyllúzjonearre werom. Mei syn roman woe Riemersma de minsken wekker skodzje: it Nederlânske militêre optreden yn Yndonesië hie ferkeard west. Dat betearde mis, it boek waard troch resinsinten ôfkreake en joech gjin opskuor.

Lês in besprek fan Marten Sikkema oer it boek fan Riemersma yn de Leeuwarder Courant fan 26 maart 1966.

besprek hwat west hat
Fragmint út it besprek fan Hwat west hat troch Marten Sikkema (Leeuwarder Courant 26-03-1966).

Op klompen troch de dessa
Yn Op klompen troch de dessa (2014, oersetting yn it Nederlânsk 2015) tekene Hylke Speerstra de ferhalen op fan sa’n tweintich Yndiëgongers, yntusken heech op jierren. Krekt as Riemersma giene se allegear fuort omdat se dat, yn in protte gefallen oanmoedige troch de tsjerke, as har hillige plicht seagen. Wa’t tsjinst wegere, waard oars mei strafkamp en finzenis minstens sa swier straft as NSB’ers en SS’ers. Hast allegearre kamen se ûntnochtere wer thús. Mar oars as Riemer Riemersma swijden de measten oer wat se dien hiene en meimakke. Oant Speerstra har ferhalen yn 2014 wrâldkundich makke. Hy lit ús sjen hoe’t ús tinken oer Nederlânsk-Ynje yn hûndert jier tiid hûnderttachtich graden draaid is.

De koma-korrektor
It meast resinte boek oer Nederlânsk-Yndië is it debút fan Baukje Zijlstra út 2018: De koma-korrektor. It boek giet oer Betty Vonk, dy't is korrektor by in krante. Se skriuwt in boek oer it Yndië-ferline fan har heit Siemen Vonk, mar dy rekket yn in koma. Siemen hat him yn 1945 tegearre mei syn freon Jappy oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Yndië, mar hat dêr tidens in (nei letter bliken docht, needlottige) patrûlje wegere om de wei te ferlitten en op jacht te gean nei in pear slûpskutters. Yn 1948 moast er foar de rjochter ferskine, in feroardieling folge al gau. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Yn De koma-korrektor komt it ferslach fan de tiid yn Yndië dus net fan dejinge dy't it sels meimakke hat, mar fan in generaasje letter. Dat smyt wer in oare literatuer op, dy't in oar ljocht skine lit op Friezen yn Nederlânsk-Yndië.

de koma korrektor 2018

Mear witte?
In part fan boppesteande ynformaasje komt út de koarte literatuerskiednis Salang't de beam bloeit fan Joke Corporaal. Finster 14 fan dat boek giet oer koloniale literatuer. Lês dat op www.fryskeliteratuerskiednis.frl.