Skriuwer Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is op 19 juny op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.
It amt fan Berneboekeambassadeur is net nij, yn lannen lykas Sweden, Ingelân, Amearika, Australië en ek Nederlân hat de funksje fan Children’s Laureate/National Ambassador for Children’s Literature/ Kinderboekenambassadeur him al bewiisd. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoatsjen, Fryske taalwille, lêswille en wurdskat te ferbetterjen.
Lida Dykstra sil in fraachbaak foar bern, âlders, learkrêften en oare ynteressearren yn Fryske berneliteratuer en taal wêze, en wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes. Boeken fan Fryslân stipet de Berneboekeambassadeur yn har aktiviteiten. Skoallen, biblioteken en oare ynstellingen kinne fergees in berop dwaan op de BBA. Dykstra komt dan del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lêsbrieven by Fryske berneboeken meitsje. De BBA sil te folgjen wêze fia in eigen website en social media.
Lês mear oer Lida Dykstra yn har biografy op Sirkwy. Sjoch ek op www.lidadijkstra.nl.
Parseberjocht fan Boeken fan Fryslân.