Op freed 21 juny is de D. A. Tammingapriis útrikt oan Baukje Zijlstra foar har debútroman De koma-korrektor. Yn Tresoar krige sy de priis út hannen fan Willem Verf, foarsitter fan Stifting FLMD.
Sjoerd Bottema lies, mei út namme fan de oare sjueryleden Jannie van der Kloet en Alian Akkermans, it sjueryrapport foar. Baukje Zijlstra spriek sels in tankwurd, dêr't se in pear ideeën en befiningen yn dielde mei it publyk. De muzyk waard fersoarge troch Inez Timmer en Tsead Nauta (piano). Sy songen en spilen in pear Fryske lieten, dy't soms kwa tematyk oerienkamen mei de ynhâld fan De koma-korrektor.
Oer de D. A. Tammingapriis
De D. A. Tammingapriis waard yn 2013 yn it libben roppen troch de Stifting FLMD, nêst Provinsje en Ryk de tredde ‘eigner’ fan Tresoar, as in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk. De priis wurdt alle jierren yn maaie/juny takend, om en om foar proaza en poëzij. It prizejild is €3000, betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, yn behear by it bestjoer fan de Stifting FLMD.
Mear oer koloniale literatuer
It boek fan Baukje Zijlstra giet oer de ferwurking fan de tiid yn Nederlânsk-Yndië. It haadpersonaazje tekenet it ferhaal fan har heit op, dy't as jonge soldaat yn dat gebiet west hat. Lês it artikel 'Nederlânsk-Yndië yn de Fryske literatuer' op Sirkwy foar mear ynfo oer koloniale literatuer.
Fotos: Tresoar, Haye Bijlstra.