IBBY-Nederlân hat twa Fryske berneboeken foardroegen foar de Honour List fan de IBBY. It giet dan om Teltsjes fan Tellegen. Alventritich bisteferhalen oerset troch Anne Tjerk Popkema en Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters fan Eppie Dam.
Alle twa jierren jout de International Board on Books for Young people (IBBY) de Honour List út: in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan tige hege kwaliteit, útjûn yn de mear as fiifensantich lannen dy't oansletten binne. De nasjonale ôfdielingen fan IBBY meie dêrfoar foar alle kategoryen ien boek foardrage dat der útljochtet troch tekst, yllustraasjes of oersetting. IBBY-Nederlân draacht ek in Frysktalige skriuwer en oersetter foar.
Skriuwers, yllustratoaren en oersetters dy't foardroegen binne foar de Honour List wurde opnommen yn de ynternasjonale katalogus en ûntfange in offisjeel diploma. Dy wurde presintearre op it twajierlikse ynternasjonale IBBY-kongres. Dêrneist reizgje kolleksjes mei de selektearre boeken de wrâld oer en wurde se presintearre op ynternasjonale kongressen en boekebeurzen. Dêrnei wurde se opnommen yn ferskate permaninte Honour List kolleksjes.
Sjoch foar mear ynfo op de webside fan de IBBY.