Op 23 juny is skriuwster Akky van der Veer yn Boksum ferstoarn. Van der Veer begûn te lêzen en ferhalen te skriuwen doe't se as famke yn in sanatoarium lei. Yn 1973 debutearre se mei de roman Read hier en reinwetter. Dêrnei skreau se sawol boeken foar folwoeksenen as foar bern en jongerein. Dêrneist hat se ek toaniel skreaun.
Yn de tachtiger jierren begûn Van der Veer mei it skriuwen fan boeken foar bern en jongerein. Har boeken hawwe in goede toan foar de jongerein, mei humor en relativearring en in ferrassende plotopbou. In wichtich tema yn har boeken binne de ferhâldingen tusken minsken. Yn 1985 ferskynde bygelyks it jeugdboek Swart op wyt, dat giet oer de relaasje tusken de sechstjinjierrige Femke en har mem Ida. It behannelet universele tema’s as: wa bin ik, wêr kom ik wei en wêr gean ik hinne? It boek waard in grut sukses. Yn 1986 krige se der de Simke Kloostermanpriis foar. Twa jier folge ynternasjonale erkenning foar it boek mei in earfolle fermelding fan de Italjaanske Premio Europeo di Letteratura Giovanile, in priis foar Europeeske jeugdliteratuer fan de Italjaanske provinsje Trente en de universiteit fan Padua.
Mei de histoaryske roman Grutte wurden (1995) sloech Akky van der Veer wer in hiel oar literêr paad yn. De roman, dy’t spilet yn de Romeinske tiid, 14-16 nei Kristus, ferhellet fan in lytse mienskip fan boeren en fiskers. Letter folgen ek noch romans oer de leginde fan de hillige Kuneara fan Rhenen en Bonifatius. Nei 2013 ferskynden twa boeken dy't ynhâldlik en nei tendins los fan al har earder wurk steane, mei't se spiritueler binne.
Neist it skriuwen fan oarspronklik wurk hat Van der Veer ek as oersetter warber west. Se fersoarge ek in soad kursussen oer it skriuwen fan proaza by it FLMD en letter Tresoar. Sa waard yn 2008 de brieveroman Yn 'e wyn útbrocht, mei ferhalen fan kursisten fan de koarteferhalekursus fan Van der Veer en Hylke Tromp.
Mear ynformaasje
Lês mear oer Akky van der Veer yn har biografy op Sirkwy.
Yn memoriam troch Jelma Knol op Ensafh (28-06-2019).