De ôfrûne dagen ha wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht set. Hjoed de fiifde en lêste: Renger fan Nyk de Vries.

Ynhâld fan it boek:
‘Renger is in autobiografyske famyljeskiednis (foar in part), in bildungsroman en in road novel by inoar. In ramtfertelling dy’t kundich boartet mei feit en fiksje, hjoed en ferline. En in ferhaal oer in heit, De Vries syn eigen heit.’ (Lieke van den Krommenacker). De Vries syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem húsfrou. De jonge Nyk stoarte him yn de muzyk en wie sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. In ferlegen jonge dy’t likegoed tige útskroeven wêze koe.

Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet Renger. En oer de moaiprater Renger, dy’t samar ynienen yn it libben fan de haadpersoan opdûkt. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.

De advyskommisje oer it boek:
Renger is gewoan in goed boek dat in breed publyk oansprekke sil. De autobiografyske kenmerken soargje foar werkenberens en it boek is spannend boppedat.”

Mear witte:
- Oer it boek
- Oer de skriuwer
- Oer de Gysbert Japicxpriis
- Oer de nominearren fan dit jier

GJpriis 2019 Renger