De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de tredde: Famke famke fan Ale S. van Zandbergen.

Ynhâld fan it boek:
Famke famke is de twadde roman fan Ale S. van Zandbergen. Haadpersoan is Haije Alkema, in learaar Nederlânsk. De wjerfarrens fan Haije wurde yn twa tiidslagen folge. Yn de even haadstikken giet it benammen om syn puberjierren, syn seksuele preökkupaasje en de fouten dy’t er makke, yn de haadstikken mei de ûneven nûmers is Haije âlder en sjocht er mei ôfgrizen werom op de persoan dy’t er wie en miskien noch wol is.

De advyskommisje oer it boek:
“Mei twa ferhaallinen njonken inoar wurdt stadichoan dúdlik wêrom’t saken binne sa’t se binne. Mar de driging fan in ôfrekken fanwege in slim fyt út it ferline, hinget it hiele boek boppde merk, wat it in meislepend ferhaal makket.”

Mear witte:
- Oer it boek
- Oer de skriuwer
- Oer de Gysbert Japicxpriis
- Oer de nominearren fan dit jier

GJpriis 2019 Famke famke