Op 10 septimber is skriuwer Hedzer T. Hooijenga ferstoarn. Hy begûn mei it skriuwen fan in oantal fersen, ferhalen en in feuilleton yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Om ek goed yn it Frysk skriuwe te kinnen, folge er by de Afûk in pear kursussen. Dêrmei wie de basis lein om te set mei syn earste boek.

Dat waard Unrêst op Sumarreheide, in plysjeroman út 2009, publisearre by de KFFB. It ferhaal spilet him ôf yn Sumarreheide, in plak dêr't de skriuwer sels wenne hie. Syn twadde boek, De man fan tolve heech, folge twa jier letter. Ek hjir giet it om in speurdersroman, al is it no in sjoernalist dy't in smoarch saakje oan it ljocht bringt. Syn lêste boek, De wraak fan de puzelman, waard publisearre doe't de skriuwer al problemen mei syn sûnens hie. Diskear stiet it konflikt tusken in rike skevel en in bargeboer sintraal. De publikaasje makke de skriuwer noch mei, mar yn septimber 2019 is er ferstoarn.

Lês mear oer Hedzer T. Hooijenga en syn wurk yn syn biografy.