Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar de rige tekeningen 'Nagasaki' yn Quatrebras (1956), mar yn 1958 waard yn itselde tydskrift ek in tekening fan JanMurk publisearre by wurk fan skriuwer en dichter Steven de Jong (letter ek wol bekend ûnder Steven H.P. de Jong). De tekening en it gedicht binne yn de bydrage 'JanMurk by gedicht Steven de Jong' te sjen. It is de lêste bydrage yn it dossier oer JanMurk de Vries.

Oer it dossier JanMurk de Vries 
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar. Troch de maatregels oangeande it coronafirus is OBE spitigernôch sletten. 

As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Lykas tekeningen by gedichten oer fersmoarging fan de ierde yn it tydskrift Hjir, dy’t as protesten of warskôgingen sjoen wurde kinne. Dat toant oan hoe’t Fryske tydskriften yn de fyftiger jierren al multydissiplinêr wurken. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean.  Dit is de lêste bydrage yn it dossier. 

Fries 01 41 quat 023

De tekening fan JanMurk de Vries yn Quatrebras (1958).