It sechsde - en lêste - priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint út in ferhaal fan Sipke de Schiffart. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t skriuwers harsels definiearje, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
Dit wie de lêste fan de seis priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma, de twadde mei wurk fan Joël Hut, de tredde mei wurk fan Janneke Spoelstra, de fjirde mei wurk fan Sybe Krol en de fiifde mei wurk fan Rixt Weiland werom. 

Oanlieding om de blomlêzing gear te stallen wie dat de lanlike ‘Roze Zaterdag’ op 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde soe. Dy is no fanwegen it coronafirus in jier útsteld. De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.