De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht.

Elmar Kuiper wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwege de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.

Tresoar lokwinsket de trije winners fan herte mei de prizen. De priis wurdt organisearre troch Stifting FLMD. Mear ynformaasje oer de priis op Sirkwy.