Op 30 septimber is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra ferstoarn. In priisfraach fan de provinsje begjin jierren santich, wie foar him in oantrún om te skriuwen. Hy skreau in absurdistyske ienakter mei de titel 'Se wist net dat de wolf in ûndierwie' en krige dêr in earfolle fermelding foar. Syn debút yn boekfoarm wie yn 1982 mei it berneboek Kninekeutels yn it oerwâld.

Hy skreau net allinne foar bern en jongerein, mar ek foar grutten. Syn dochter Babs hat ferskate boeken fan him yllustrearre. Ferhalen fan syn hân waarden publisearre yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer. In ferhaal fan Wijnstra dat opnaam wie yn it jongereinnûmer fan Hjir, wie foar de provinsje oanlieding om him te freegjen in jongereinboek te skriuwen. Dat resultearre yn de útjefte fan NUL-NUL (1988), in modern jeugdboek dat spilet yn twa hiel ferskillende miljeus.

Oan de boeken dy't Wijnstra skreaun hat, is in ûntjouwing ôf te lêzen fan de mear realistyske fertelling nei de fantastyske. Syn, yn 1997 ferskynde boek, It kweade wiif fan Hylpen: in ferhaletocht troch Fryslân oan 'e hân fan sechstich folksferhalen, is dêr in dúdlik bewiis fan. Yn dat boek fertelt Wijnstra besteande folksferhalen, sêgen en leginden, op syn eigen wize nei.

Aardichheid oan toanielspyljen hie Mindert Wijnstra altyd al hân. As jonkje mocht er graach toanielspylje en foardrage. It wie skriuwer Ype Poortinga dy't him op it spoar fan ferhaleferteller sette: by de feestlike oanbieding fan Poortinga syn bondel mei folksferhalen It gouden skaakspul, frege hy Wijnstra om in pear ferhalen te fertellen. Dat wie in sukses en Wijnstra krige hieltyd faker fersiken om ferhalen te fertellen. Hy waard yn de rin fan de tiid in ferneamd ferhaleferteller, hy waard rûnom frege en koe der foar in part fan bestean.

Wijnstra skreau ek kollums foar ûnder oaren Omrop Fryslân. Fierder wurke hy mei oan de skoalleradio- en skoaltelefyzjeprogramma's en hy wie de skriuwer fan de bernetelefyzjerige Fratsen (2012-2014) fan Omrop Fryslân dêr't er ek de stim fan pake foar syn rekken naam.

Yn 2020 ferskynde syn lêste boek: Jesse. Healwei septimber 2020 waard bekend dat Wijnstra slim siik wie, ein septimber is er ferstoarn.

Lês mear oer Mindert Wijnstra yn syn biografy op Sirkwy.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar.