Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: It lekken oer de spegel (1995) fan Durk van der Ploeg.

In fragmint út it artikel:
"Ynje wie foar de measte Friezen in ûnbekende wrâld fier fuort. Mar it wie in erfaring tichtby – it meimeitsjen fan de Befrijing yn 1945 – dy’t mei bepaalde hoe’t Friezen tochten oer de ynset fan it leger doe’t Ynje har fan Nederlân losmeitsje woe.

Dat jildt yn alle gefallen foar Sjoerd, in personaazje yn Durk van der Ploeg syn roman It lekken oer de spegel (1995), dat yn feite oer it ferset en de Befrijing yn Nederlân giet. Mar Sjoerd hat him nei de oarloch opjûn as frijwilliger om nei Ynje ta. Hy socht dêryn wer dat heldhaftige gefoel fan in befrijer te wêzen, lykas de mannen dy’t yn ’45 Fryslân befrijden, mei har kreaze overals, har kistjes en kaugom."

Lês mear yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet.

Oer de online Dei fan de Fryske letterkunde:
De Dei fan de Fryske Letterkunde giet dit jier oars as oars, nammentlik digitaal. Yn de moannen novimber en desimber kinst fia de webside fan Sirkwy ferskate lêzingen en webinars folgje. De earste lêzing wurdt op 6 novimber online set. Der sille ûnder oaren lêzingen jûn wurde troch Jan Ybema, oer Fryske boeken dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje, en troch Elske Schotanus, oer de nije útjefte fan Efter it tried dêr’t Reimer van Tuinen ferhalen yn fertelt oer syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

Liket it dy nijsgjirrich de lêzingen te folgjen? Yn 't foar opjaan is net nedich. Alles watst dwaan moatst is efkes dizze webside yn 'e gaten hâlde.

De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.