It Frysk Film & Audio Argyf hat audiomateriaal út de kolleksje fan Tresoar dêr't Tiny Mulder op te hearren is digitalisearre en online set. Dat is it slútstik fan it dossier oer Mulder. Gean nei archieven.nl foar it audiomateriaal.  

De audiobestannen binne te beharkjen fia archieven.nl. Sa is ûnder oare te hearren hoe't Mulder skriuwers as Anne Wadman en Ypk fan de Fear ynterviewt. Dêrneist is der ek in fraachpetear dat Aly van der Mark mei Mulder holden hat yn de santiger jierren. In oar foarbyld is in lêzing dy't Mulder yn 1981 jûn hat foar it Skriuwersboun oer har roman Tin iis.

Mei dizze bydrage wurdt it dossier oer 100 jier Tiny Mulder ôfsletten. Sjoch yn de kategory Utljochte foar alles dat de ôfrûne wiken ferskynd is.