Soe in online skriuwkursus wol wurkje? Dat wie de fraach doe't ferline jier alle fysike kursussen op ’e nij skrast waarden yn ferbân mei koroana. Keunstwurk en Tresoar namen it inisjatyf om in online kursus rjochte op toanielskriuwen oan te bieden. It smiet moaie reaksjes en ynsjoggen op. 

De kursuslieder wie Wessel de Vries, dy’t as toanielskriuwer sawol yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep) as dêrbûten wurket. Yn in pear lessen krigen de kursisten útlis en opdrachten oer in ienakter, bygelyks hoe’t in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken der binne. In groep fan sân minsken gie entûsjast oan de slach en oan de ein hie hast elkenien in toanieltekst klear.

Wessel de Vries fynt yn it echt lesjaan nofliker en geselliger, mar online joech wol de mooglikheid foar koarte sesjes. “Alle dielnimmers ha grutte stappen set. Ik wie ferrast troch it hege nivo. Ik hie it gefoel dat alle dielnimmers der in soad fan leard ha, want se ha har yn ’e rin fan ’e lessen ûntwikkele.” Spitich wie wol dat de tiid online koart wie en der dêrtroch te min tiid wie om lang op in tekst yn te gean. Foar nije dielnimmers wurket neffens him in online foarm yn alle gefallen goed. En gelokkich wie it úteinlik ek noch gesellich.    

De kursisten binne oer it generaal ek tefreden oer de kursus toanielskriuwen, al wie online net altyd like handich. Sa waard de persoanlike begelieding wurdearre, mar wurke de technyk net altyd mei en skoarde Zoom as lokaasje leger yn de evaluaasje neitiid. Guon minsken jouwe oan dat se troch de kursus graach in ferfolch of mear kreative dingen dwaan wolle. Ien kaam mei de suggestje om nei de pandemy in kombinaasje fan digitaal en fysyk oan te bieden, mar it digitale der wis yn te hâlden.

Dat is ien fan de dingen dy't wy, by need, leard hawwe fan de online kursus. Mei sa'n foarm wurde wer oare minsken yn de gelegenheid steld om mei te dwaan, bygelyks lju dy't om utens wenje. It soe samar kinne dat it digitale part yn it kursusoanbod foar nei it simmerskoft ek in plak hâldt. Nei de simmer besjogge Keunstwurk en Tresoar oft der in ferfolch op de kursus komme kin. Dêrneist is Tresoar mei ferskate partners yn petear hoe't de ûntwikkeling fan skriuwers yn Fryslân profesjonalisearre wurde kin. It nije kursusoanbod wurdt fia ús kanalen ferspraat sadree't dat bekend is.