Op 25 july is Tsjisse Hettema ferstoarn. Hettema begûn as skriuwer mei koarte ferhalen, dy’t publisearre waarden yn Trotwaer en Hjir en de jongereinbondel Skroei. Dêrnei is er oerstapt op it skriuwen fan gedichten. Yn 1995 kaam yn eigen behear syn debútbondel Tsi Tsi út.

Fjouwer jier letter ferskynde by de Q de opfolger It eachwyt fan de simpele rider. Dêrnei waard it in skoft stil. Pas yn 2015 brocht er syn tredde bondel út: Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko. Dat it sa lang duorre, ferklearre de dichter yn in fraachpetear mei Arjan Hut: 'Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree'. Dêrby is it ek noch in bondel fan sa'n tweintich siden, wat syn útspraak allinnich mar ûnderstreket.

Hettema hat yn it bibleteek wêzen wurke en slagge dêrnei oan in baan by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (yn 2003 opgien yn Tresoar) as dokumintalist foar it byld en gelûdsargyf.

Mear oer Tsjisse Hettema yn syn biografy.

Fierder lêze
In memoriam by dichterskollektyf RIXT