Freedtemiddei 10 septimber is op de Akademy-dei yn it WTC yn Ljouwert de blomlêzing út it wurk fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889) presintearre: Lang haw 'k net nei skoalle west. De samling proaza en poëzij is besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber. Faber koe sels spitigernôch fanwegen famylje-omstannichheden der net by wêze.

It boek is útkommen yn 'e Iduna-rige, rige fan njoggentjinde-iuwske teksten fan de Fryske Akademy ûnder redaksje fan Piter Boersma, Ernst Bruinsma, Goffe Jensma, Meindert Reitsma (út namme fan Tresoar) en Janneke Spoelstra. It boek is oanbean oan de direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm.

Ut namme fan de redaksje joech Meindert Reitsma in yntroduksje en lies Janneke Spoelstra foar út it fers 'Us doarpskomeedzje'. Beide stikken binne hjirûnder werom te lêzen. 

Fierder lêze
- Mear witte oer de blomlêzing
- Mear witte oer Jouwert Jouwertsma
- Mear witte oer Rients Aise Faber
- Lês de yntroduksje fan Meindert Reitsma
- Lês it fers 'Us doarpskomeedzje'

Jouwertsma oanbieding 2021 2

Boppe: redaksjelid Meindert Reitsma biedt it earste eksimplaar oan Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm oan. Under: redaksjelid Janneke Spoelstra draacht foar. Foto's: Hindrik Sijens, Fryske Akademy.