Produksjehûs Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde organisearje op tiisdei 19 oktober 20.00 oere yn gearwurking mei de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds de jûn Vertalersgeluk. Trije oersetters, Jan Popkema, Annemarie Vlaming en Lette Vos, fertelle dy jûn oer har fakgebiet en de útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkomme. Vlaming is winner fan de Europese Literatuurprijs fan dit jier en Popkema krige de dr. Obe Postmapriis 2020. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan kultureel-antropologe en skriuwster Anne-Goaitske Breteler.

Jûn oer útdagings yn oersetten
As gjin oar moat in oersetter de tekst begripe om dy yn in oare taal om it samar te sizzen op ’e nij te meitsjen. Dat smyt prachtige oersetferhalen op oer literêre speurtochten, bysûnder kontakt mei auteurs en út en troch grutte útdagings op sins-, wurd of sels klanknivo. De trije oersetters fertelle yn in koarte kollum oer de spesifike útdagings dy’t sy yn har wurk tsjinkommen binne. Dêrnei geane sy mei presintatrise Anne-Goaitske Breteler yn petear mei inoar en mei it publyk oer de sjarme fan harren fak.

Oer de oersetters
Jan Popkema is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. Yn 2020 krige er de dr. Obe Postmapriis takend foar syn oersetting fan Das Parfum (Patrick Süskind) yn it Frysk.

Annemarie Vlaming hat Dútske Taal-en Letterkunde studearre yn Nijmegen en is sûnt 2003 literêr oersetter út it Dútsk. Sy hat boeken oerset fan ûnder oare Eva Menasse, Saša Stanišić en Juli Zeh. Mei har oersetting Herkomst fan Saša Stanišić hat se de Europese Literatuurprijs fan 2021 wûn.

Lette Vos studearre ûnder oare Ingelske Taal & Cultuur oan de Universiteit Utrecht en English Literature & Drama oan de University of Manchester. Nei har stúdzje bleau se as junior-dosint ferbûn oan de Master Vertalen en joech se dêrneist ferskate workshops en lêzings. Se wie nominearre foar de Europese Literatuurprijs 2021 en fertelt oer it oersetten fan it Bookerprize-winnende Meisje, vrouw, anders fan Bernardine Evaristo.

Tickets en oare ynformaasje
Vertalersgeluk hat plak op tiisdei 19 oktober 2021, 20.00 oere yn De Westertsjerke yn Ljouwert. De yntree is € 5 en kaarten binne te krijen fia de webside fan Explore the North: explore-the-north.nl.

De jûn Vertalersgeluk is in inisjatyf fan Explore the North, Tresoar, Boekhandel Van der Velde, de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds.