Op 6 febrewaris is Heabeltsje Heeringa-Seepma ferstoarn. Se begûn mei it skriuwen fan gedichten en gelegenheidswurk, foar bygelyks brulloften. It folgjen fan in kursus ferhalen skriuwen en Fryske les stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad. Se debutearre nei har fjirtichste yn boekfoarm mei it berneboek Sa’n koartkop (1960).

Dat boek kaam út by de Kristlik Fryske Folksbiblioteek (KFFB). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskeidene prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Alle moarnen foar de kofje skreau se in stik. Se wie sadwaande tige produktyf. Nei har debút ferskynden der noch twa berneboeken, It reade kraeltsje (1961) en Rikke de kikkert (1964). Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, Martsje lit it net sitte (1965). Mar ynstee fan troch de fammen waard it boek benammen lêzen troch de memmen. It boek sloech oan, want der ferskynden ferskate printingen en dielen.

Njonken de ‘Martsje’ boeken joech frou Heeringa-Seepma in hiele rige oare boeken yn it ljocht. Se skreau romans, in ferhalebondel ûnder de titel It griene huodsje (1988), in bondel jongerein ferhalen, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar hat se goed tritich titels op har namme stean.