Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).
 
Op it programma
  • Wolkom troch it bestjoer Freonen fan Tresoar
  • Lêzing oer it wurk en de betsjutting fan Rixt yn de Fryske literatuer troch Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar
  • Foardracht fan 5 dichters fan it Fryske dichterskollektyf RIXT
Under de lêzing giet Meindert yn petear mei de hear Renze Yetsenga. Yetsenga hat de dichteresse persoanlik kennen en is in fier famyljelid fan har. Ek sil gebrûk makke wurde fan lûdsopnamen fan Rixt, dy’t yn it argyf fan Tresoar bewarre wurde. 
 
Nei it skoft sille in tal dichters fan it Frysk dichterskollektyf RIXT wurk fan de dichteresse en fan harrensels oer it fuotljocht bringe. De folgjende dichters binne oanwêzich op ‘e jûn: Janneke Spoelstra, Tryntsje van der Veer, Syds Wiersma, Anne Heegstra en Ypie Haitsma. 
 
Nijsgjirrich en dizze jûn bywenje? Meld dy oan!
Oanmelde kin fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.. Fermeld yn de mail oftst al Freon bist fan Tresoar of datst dizze jûn as gast bywenje wolst. Freon fan Tresoar wurde? Lês mear >
 
Praktyske ynformaasje
  • De jûn begjint om 19.30 oere, mei ynrin fan 19.15 oere ôf.
  • De jûn is fergees by te wenjen foar Freonen. As gast betellest € 5,00 de man/frou. Dit bedrach is kontant te foldwaan op de jûn sels.
  • Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert
  • Parkeargelegenheid: Parkeargaraazje Oldehove