De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg bekendmakke. Oare nominearre boeken wienen In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen.

It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan de skriuwer, in nije stjer oan it Fryske firmamint dy’t ûnder pseudonym publisearret. De sjuery skriuwt it folgjende oer it boek:

"In roman yn de kategory Young Adult en dan beslist ek foar de âldere helte fan dy kategory. Bas sil op útwikseling nei Bergamo. Hy is stil, lit it efterste fan ’e tonge net sjen. Syn klasse- en reisgenoatsje Vera is krekt oarsom, in populêr en opportunistyske jonge frou yn wurding. Yn Bergamo sille se nei skoalle, mar dan brekt de koroana-pandemy út. De problemen fan Bas, de problemen fan it Italjaanske famke Julia dêr’t er slim fereale op wurdt, komme allegearre yn in skerp ljocht te stean as de regio op slot giet en Vera en Bas nei hûs moatte. Yn dit aktuele, skerpe, ferrassende en yntrigearjende ferhaal bliuwt lang yn ’e midden wat der no krekt te rêden is. En sels oan de ein bliuwe der noch fragen oer, want, hoe soe it no fierder gean? I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy’t er wol en net sjen lit. In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer."

De priis wurdt beskikber steld troch it Simke Kloostermanlien. Op freed 20 maaie om 15:00 oere sil de priisútrikking plakfine yn de Petrustsjerke yn Twizel. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil de priis fan €5000,- en de hânmakke oarkonde útrikke.