Freed 1 april wie der ta gelegenheid fan de Kor Onclin tentoanstelling yn Obe, in dichtersjûn organisearre troch it Literêr Sirkwy fan it dichterskollektyf Rixt en meiwurkers fan Tresoar.

Marleen Onclin wie oanwêzich as spesjale gast en sprekster. Op it lêste stuit kamen der ek dichters fan Dichter Bij Leeuwarden by. Spitich wie dat muzikant Jan de Vries troch sykte útfallen wie, mar muzikant Ruben Bus rêde dermei en wist ferskate dichters hiel moai te begelieden mei syn muzyk en soarge ek tuskentroch foar moaie muzyk. It publyk siet yn in heale sirkel om de optredende dichters hinne. Nei it skoft doe’t de delegaasje fan Dichter Bij Leeuwarden optrede, kamen der aardich wat fans troch de doar om harren ‘matties’ optreden te sjen.

In gearfetting fan de jûn:

In gedicht fan Kor Onclin waard foardroegen troch Syds Wiersma.
Mees van Rijswijk dy’t twa kear optrede dizze jûn, hie op de iepening fan de tentoanstelling it besitekaartsje al ôfjûn troch in mingeling fan dichtsjen en muzyk te meitsjen.
Tryntsje van der Veer hie in ynkringend gedicht oer it wurk L'Univers du Poète fan Kor Onclin, en droech ek noch in gedicht oer de situaasje yn Oekraïne foar.
Marleen Onclin die in gedicht fan Kor en spriek har wurdearring út foar de dichters en foar dizze jûn yn 't algemien. ‘Kor is weer terug in Leeuwarden’.
Edwin de Groot die it gedicht dat er by wurk fan Kor Onclin makke hie.
Syds Wiersma wie ien fan de dichters dy’t spesjaal dichtwurk makke by in skilderij fan Kor en dy’t him ek aardich ward hie yn de organisaasje fan dizze jûn yn Obe.
Dêrgjitr (pseudonym foar Dirk Geerdink) brûkte in spesjaal muzyk ’ynstrumint’ om syn gedicht te ûnderstreekjen. Hy waard boppedat sfearfol muzikaal begelaat troch Ruben Bus. 
Albert Schaafsma brocht ien gedicht.


It twadde part fan 'e jûn waard iepene mei In gedicht fan Kor Onclin en waard foardroegen troch Syds Wiersma.
Ina Schroders-Zeeders, de eilândichter fan Skylge, krige muzikale stipe fan Ruben Bus.
Carla van der Zwaag song ien fan har gedichten.
Mees van Rijswijk trede nei it skoft ek noch in kear op. ‘Je mag alleen door deze deur, als je past bij het interieur’.
Marco Lüte mei it yndrukwekkende Ingelske gedicht ‘How to kill a man’.
Iris Dicke, mei gitarist Marco Merijn, joegen in foarpriuwke, in ‘preview’ fan harren nije program, in spoken word performance.
Rinske Dolstra skittere mei har gedicht ‘Huidhonger’.
Afrida Adema, stie foar it earst op ‘e planken en die dat mei ferve en kaam tige beret en selsfersekere oer mei it gedicht ‘Doe normaal’.
Marleen Onclin slute de jûn ôf, betanke de dichters en it publyk; die tegearre mei Syds noch in ôfslutend gedicht fan Kor Onclin en hie foar alle dielnimmende dichters noch in tapaslike attinsje. De yntree fan ‘e jûn en ek de drankjes koe my in QR-koade ôfrekkene wurde: de folsleine opbringst fan ‘e jûn gie streekrjocht nei Giro555 foar Oekraïne en smiet € 202,- op.
Syds die it alderlêste wurd en mei ús allen koene wy weromsjen op in moaie gedichtejûn, yn in prachtige ambiânse fan kleurige keunst fan Kor Onclin.

HAY 4850

HAY 4881

HAY 5184

Foto's : Haye Bijlstra, Tresoar.