Yn gearwurking mei Tresoar, de Europese Literatuurprijs, it Nederlands Letterenfonds, Boekhannel Van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearret produksjehûs Explore the North op freed 29 april de jûn Vertalersgeluk. Fjouwer oersetters, Yolanda Bloemen, Seijo Epema, Adiëlle Westercappel en Martsje de Jong, fertelle dy jûn oer har bysûnder fakgebiet. De Fryske skriuwster en einredakteur Tialda Hoogeveen liedt it petear en besiket alles út te finen oer de útdagings fan de Russyske, Ingelske, Nederlânske en Fryske taal.

Jûn oer oersetútdagings
De Vertalersgelukstournee hat plak yn it ramt fan de Europese Literatuurprijs. De priis bekroant sawol auteur as oersetter(s) fan it bêste hjoeddeiske Europeeske literêre fiksjewurk dat yn it ôfrûne jier yn Nederlânske oersetting ferskynd is.

De toer jout in poadium oan de ûnmisbere mar faak ûnsichtbere skeakels binnen it boekefak: de oersetters. As gjin oar moat in oersetter in tekst begripe, om dy yn in oare taal op ’e nij te skriuwen, om it sa mar te sizzen. Dat smyt prachtige oersetferhalen op oer literêre speurtochten, bysûnder kontakt mei auteurs en sa út en troch grutte útdagings op sins-, wurd- of sels klanknivo.

By Vertalersgeluk yn Ljouwert fertelle de Russyske oersetters Yolanda Bloemen en Seijo Epema oer har wurk en oer it boek dat sy út it Russysk oerset hawwe: De wereld is niet stuk te krijgen fan Maxim Osipov. Martsje de Jong sette foar it projekt ‘Utsteld gelok’ fan Ljouwert UNESCO City of Literature in tekst fan Osipov oer nei it Frysk. Se brûkte dêrfoar de Nederlânske oersetting fan Yolanda en Seijo. In oersetting fan in oersetting dus, dy’t om ekstra finesses freget. Adiëlle Westercappel sette Open water fan Caleb Azumah Nelson oer nei it Nederlânsk út it Ingelsk wei. Beide boeken binne nominearre foar de Europese literatuurprijs 2022.

Oer de oersetters
Yolanda Bloemen is slavist, literêr oersetter en útjouwer fan Uitgeverij Plantage. Nei har stúdzje Slavyske taal- en letterkunde studearre se yn 1982-1983 yn Ruslân, oan de Steatsuniversiteit fan Leningrad. Sy set út it Russysk en Italjaansk oer en skriuwt oer literatuer, oersetpraktyk en Russyske aktualiteit. Foar de Russyske Bibleteek fan Van Oorschot sette se mear as ien klassyk Russysk wurk oer. Mei de oersetgroep Hompsy van Wijk hâldt se har dwaande mei it oersetten fan modern Russysk toanielwurk.

Adiëlle Westercappel is in bikulturele letterestudint út Grins dy’t op dit stuit ôfstudearret oan de Master Taalwittenskippen op de Ryksuniversiteit Grins. Se spesjalisearret har yn de Ingelske en Spaanske taal en leit dêrby de fokus op oersetten. Sûnt 2021 is se aktyf as literêr oersetter; dêrnjonken set se har út leafde foar taal yn as einredakteur foar de Nederlandse Boekengids. 

Seijo Epema is oersetter út sawol it Russysk as it Ingelsk en is dêrneist wurksum as dosint. Dêrneist jout hy rûnliedings yn it Mauritshuis en oare musea yn De Haach en fersoarget er stedskuiers yn De Haach, Delft en Amsterdam. Syn lêzings geane oer ûnderwerpen dy’t útienrinne fan de Nederlânske Gouden Iuw oant de Russyske keunst.

Martsje de Jong set út it Nederlânsk, Ingelsk en Sweedsk oer nei it Frysk. Se debutearre yn 2017 mei De GFR fan Roald Dahl. Dêrmei helle se yn 2018 as earste Fryske oersetter ea de IBBY List of Honour. Dêrnei folgen ûnder mear Ventoux fan Bert Wagendorp, Pippi Langkous fan Astrid Lindgren en De Goargels fan Jochem Myjer. De Jong is neist oersetter ek skriuwer, dichter, kollumnist en redakteur.

Tialda Hoogeveen skriuwt non-fiksje (jongerein)boeken, gedichten en ferhalen. Yn 2020 skreau se it populêre non-fiksje De geur van hooi en har earste Fryske young adult-boek Wurden fan Timo (foar lêsbefoarderingsprojekt LêsNo). Tialda is û.o. einredakteur fan tydskrift de Moanne én skriuwt foar de Vogelbescherming.

Tickets en oare ynformaasje
Vertalersgeluk hat plak op freed 29 april, 20.30 oere yn De Westertsjerke yn Ljouwert. De yntree is € 7,50 en kaarten binne te krijen fia de webside fan Explore the North: explore-the-north.nl.

De jûn Vertalersgeluk is in inisjatyf fan Explore the North, de Europese Literatuurprijs en it Nederlands Letterenfonds, yn gearwurking mei Tresoar, Boekhannel van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature.